Sandfirden
Hjir bin ik
op ’e râne fan
werklikheid en ferbylding.
Hjir sit ik
behâlden
tusken it floeibere en it ûnfersetlike.
Hjir ferlangje ik
frij kieze te kinnen
tusken wa’t ik bin en wa’t ik wêze mei.
Hjir sjoch ik
wat romte is:
it streamt tusken it ûnfersetlike troch.
Hjir dream ik
dat myn hert oerstreame mei fan leafde
om myn libben klopje te litten.
Grietje Hoekstra
Hier ben ik op de rand van werkelijkheid en verbeelding. Hier zit ik behouden tussen het vloeibare en het onverzettelijke. Hier verlang ik vrij te kunnen kiezen tussen wie ik ben en wie ik mag zijn. Hier zie ik wat ruimte is: het stroomt tussen het onverzettelijke door. Hier droom ik dat mijn hart mag overstromen van liefde om mijn leven te laten kloppen.
Meer over Sandfirden
Meer gedichten lezen?
-
53°02'31.8"n 5°23'23.3"e
-
52°57'01.7"n 5°51'43.2"e