Neem alvast een kijkje
Bekijk alle 5 foto's
It Fryske Fersepaad
Het Fryske fersepaad loopt van Bolsward naar Iens of omgekeerd. Het is een tocht van 11 kilometer langs 25 panelen met Friese gedichten.
-
Museum De Tiid
Museum De Tiid
Huis van verhalen, Museum De Tiid, in het voormalig stadhuis in Bolsward, toont de boeiende geschiedenis van Zuidwest Fryslân.
-
Bolsward (Boalsert)
Bolsward (Boalsert)
Bolsward is qua Elfstedenbegrippen een grotere stad met diverse winkels, restaurants en mooie bezienswaardigheden.Ā
-
06
-
Sint Franciscusbasiliek Bolsward
Sint Franciscusbasiliek Bolsward
De Sint Franciscusbasiliek is een Rooms Katholieke kerk in het centrum van Bolsward uit 1933.Ā
-
It Fryske Fersepaad gedicht 1
By 't opgean fan 'e sinne. Dit gedicht van Gijsbert Japicx maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 1It Fryske Fersepaad gedicht 1
Dit gedicht van Gijsbert Japicx maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
By 't opgean fan 'e sinne.
Wolkom, freugde fan 'e wrâld,
Headljocht oer 'e stjerren
Griente, krûd en blommefâd,
Mjitter fan Ćŗs jierren,
Himeleach, dy't al oersjocht,
Dy 't ús dauwe en mist ûnttsjocht
Dy 't Ćŗs 't fjild bemielet.
Ja, mei goud oerstrielet.
Kerse en lampe fan 'e dei,
Ul' fijân, iisteier,
Moudestower, droege wei,
Nacht- en froastferjeier,
Ljepper oer it wiet en droech
Rƻnomrinner, nimmer slƻch,
Ier en iet allinne,
Wolkom, wolkom sinne.
'k Sjoch de nacht al rju ferflein
Mei syn brune wjƻken;
Alle man dy riist oerein
En begjint t' ƻntlƻken,
DĆene ploeget, siedder, eid''t,
Dóare skiepen kij ferweid't,
Elk is drok yn roeren
Om syn dwaan te stjoeren.
Alle dier, ferhƻge, sit,
Rint, fljocht, ljept en dƻnset,
Brinzget, derten bƻte wit,
Blêret, bêhet, gûnzet.
Ein en gies yn 't wetter sljurk't ,
't Wylde fƻgelt tureljurkt,
Libje yn free en resten,
Bûte skeel en lêsten.
-
Martinikerk Bolsward
Martinikerk Bolsward
De Martinikerk in Bolsward is een gotisch kerkgebouw. Met het forse zadeldaktoren domineert de Martinikerk al eeuwenlang het silhouet van de stad Bolsward.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 2
Der sille dagen komme. Dit gedicht van Tiny Mulder maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 2It Fryske Fersepaad gedicht 2
Dit gedicht van Tiny Mulder maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Der sille dagen komme
der sille dagen komme
dat gedichten as bern
op de trottoirs boartsje
en dat yn de iere maitiid
de minsken efkes stilsteane
de motors Ɠfsette en sizze
hear de bern
hear de poƫzy
der sille dagen komme
dat de mem tsjin it bern seit
helje my in healpƻn kofje
in pak sâlt
en in bondeltsje gedichten
in tin bondeltsje
want de moanne is hast om
mar ek yn dy dagen
sille der minsken wĆŖze
dy 't de poƫzy-brƻkende frou freezje
dy 't freezje
dat der gjin skjin oerhimd yn de kast hingje sil
dat der gjin boerekoal op tafel komme sil
dat it bern net op 'e tiid op bĆŖd lizze sil
dat der gjin kofje yn 'e pot wĆŖze sil
dat der tĆŗch op de piano lizze sil
dat dy't oan de doar skillet net iependien
wurde sil
en dat binne dan de beropsfrezers
oan wa't men it ear net jaan sil
Nederlandse vertaling door Jan Popkema:
Er zullen dagen komen
er zullen dagen komen
dat gedichten als kinderen
op de trottoirs spelen
en dat in het vroege voorjaar
de mensen even stilstaan
hun motor afzetten en zeggen
hoor de kinderen
hoor de poƫzie
er zullen dagen komen
dat de moeder tegen haar kind zegt
haal een half pond koffie
een pak zout
en een bundeltje gedichten
een klein bundeltje
want de maand is bijna om
maar ook in die dagen
zullen er lieden zijn
die de poƫzie-nuttigende vrouw vrezen
die vrezen
dat er geen schoon overhemd in de kast zal hangen
dat er geen boerenkool op tafel zal staan
dat het kind niet op tijd in bed zal liggen
dat er geen koffie in de pot zal zijn
dat er stof op de piano zal liggen
dat wie aanbelt niet opengedaan
zal worden
en dat zijn dan de vrezers van professie
wie men het oor niet zal lenen
-
It Fryske Fersepaad gedicht 3
Reade Slofkes. Dit gedicht van Tjits Peanstra maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 3It Fryske Fersepaad gedicht 3
Dit gedicht van Tjits Peanstra maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Reade Slofkes
Ik ha twa reade,
papaverreade slofkes kocht,
no wol ik dƻnsje
as it famke mei de reade skuon:
op āe line
fan dyn hert,
nei myn hert,
dƻnsje ik in pirƻet
op papaverreade slofkes,
op āe line
nei dy ta,
wol ik ha,
dƻnsje wy de pas fan twa,
om en om,
nei elkoar ta,
piruĆŖt en pas fan twa,
op āe reade slofkes.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 4
De Boalserter Merke. Dit gedicht van Eeltje Halbertsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 4It Fryske Fersepaad gedicht 4
Dit gedicht van Eeltje Halbertsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
De Boalserter Merke.
Te Boalsert yn 'e merke
Seach ik in famke gean.
Ik tochte, bern! Wat biste tƻk;
Sa jong en prƻs, sa nuver smƻk;
Ja, nuver smƻk,
Ja, nuver smƻk;
Sa tsjep yn sneinske klean.
Ik kaam har wer temjitte,
En seach har bjuster oan.
Ik seach har oan, ik seach har nei:
Mar seach hja my, dan rƻn ik wei;
Ja, rƻn ik wei,
Ja, rƻn ik wei,
En like hast bestoarn.
Soms teach hja nei de kreammen,
En koft wat nije klean;
Mar wat hja koft en wat hja die,
Of wat hja te benoaskjen hie,
Benoaskjen hie,
Benoaskjen hie,
Hja moast my altyd sjen.
Dan gluorke se oer it skouder,
Krekt as 't in skierkert wie:
En wat hja glƻpte, of wat hja seach,
Ik wie har nea net Ćŗt it each,
Net Ćŗt it each,
Net Ćŗt it each,
Al wie 'k ek noch sa fier.
De jƻn begƻn te kommen,
En 't foltsen gong te bier;
De famkes kui'ren hân oan hân
En wat der wie yn 't Fryske lân,
Yn 't Fryske lân,
Yn 't Fryske lân,
Moast no ris oan 'e swier.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 5
Yn fƻle pezen. Dit gedicht van Tytsy Wijngaarden maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 5It Fryske Fersepaad gedicht 5
Ā Dit gedicht van Tytsy Wijngaarden maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt
Yn fĆ»le pezen.Ā
yn fƻle pezen
jout de ko syn molke op
it skommet wyt omheech
yn 'e sulveren amer
de reade fƻsten
helje op en del
om it gleie fleis
en bist noch boer
witte mear
wĆŖr 't elts
begjin of ein hat
dĆŖr is bist en boer
yn 'e amer
dĆŖr is boer yn it bist
en dĆŖr is
bist yn 'e boer
-
It Fryske Fersepaad gedicht 6
Peaske / sing for the sun your lyricā lark. Dit gedicht van Inne de Jong maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt
It Fryske Fersepaad gedicht 6It Fryske Fersepaad gedicht 6
Dit gedicht van Inne de Jong maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Peaske / sing for the sun your lyricā lark
Sjong dyn sang foar de sinne, ljurk,
dĆ» brune troubadour,
sjong foar flinters en fisken, ljurk,
greiden en marren oer,
sjong alle loften fol jĆŗchhei,
sjong alle dagen ljocht,
wetter en wyn dy sjonge mei,
de kym dy tilt fan nocht.
Meitsje alle fƻgels dronken, ljurk,
en fiterje dyn koar,
hwa jit gjin wize kenne, ljurk,
sjong dĆ» 'm harren foar,
dĆ» bist in master as gjinien,
dyn siel is fan muzyk,
hwa hat foar God en sinne stien,
hat 'n kiel, dyn kiel gelyk?
En sjong ek foar de minsken, ljurk,
sjong dĆ» Ćŗs klachten dea,
sjong fan in iiv'ge moarntiid, ljurk,
en sjong Ćŗs nachten rea,
sjong, dat de dea forliezer is,
sjong, dat it libben wint,
sjong, dat it Peaske, Peaske is
en dat Gods dei bigjint.
-
Jaagpad langs de Bolswardertrekvaart
Jaagpad langs de Bolswardertrekvaart
Een mooi wandel- en fietspad langs de trekvaart van Bolsward naar Leeuwarden, nabij Burgwerd. Het pad wordt ook wel een jaagpad genoemd.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 7
Oan him. Dit gedicht van Rixt maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 7It Fryske Fersepaad gedicht 7
Oan him. Dit gedicht van Rixt maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Oan him
Do bist foar my yn 't rƻzjen fan de winen
en yn de iiv'ge sangen fan de see;
do bist foar my wĆŖr 't oargeltoanen sjonge
in liet fan wijinge, in liet fan free.
Do bist foar my yn 't poarper fan de sinne,
as jƻns yn 't west de loft yn lƓge stiet,
do bist yn 't boartsjen fan de bliere weachjes,
do bist yn 't bloeiend blomke yn de mied'.
Do bist wĆŖr 't skelle wjerljochtflitsen ljochtsje,
de tonger droanend rÓlet oer de wrâld.
yn 't ivich sniekleed fan de hege bergen,
yn 't hillich swijen fan it steatlik wâld.
Do bist foar my wêr 't rûz'nen stjerren blinke.
mei súvre glâns yn 't hege himelblau,
do bist yn al wat grut en goed en wier is,
wĆŖr 't foar my God is, leafste, dĆŖr bisto.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 8
Simmermoarn-sankje. Dit gedicht van Waling Dykstra maakt onderdeel uit van It Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 8It Fryske Fersepaad gedicht 8
Dit gedicht van Waling Dykstra maakt onderdeel uit van It Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Simmermoarn-sankje
Wat bisto leaflik,
Rizende simmermoarn!
't Opgeande sintsje
Laket my oan.
't Hoantsje kraait: kƻkelƻ!
`t Doke ropt: rƻkƻkƻ!
Ik wol ek sjonge
Fleurig fan toan.
Alles wat libbet
Docht der no sines by:
FƓltsjes en kealtsjes,
Hynders en kei.
Guoskes, dy snetterje,
Skiepkes, dy bletterje;
Lamkes, dy springe nuvere blij.
't Lurkje yn 'e wolken,
't Eeintsje yn 't lizich wiet,
't Moskje en 't swealtsje,
Elts sjongt syn liet.
d' Ea' barren klapperje,
Ljipkes wjukwapperje,
Skries op 'e hikke
Ropt grito-griet!
`k Woe foar gjin gƻne
Dat 'k jit te sliepen lei;
't is my sa nochlik
Ier op `e dei.
Protters dy tsjotterje,
d 'Eksters dy skatterje,
Alles is fleurich:
Ik bin it mei.
(vertaling Theun de Vries)
Wat ben je lieflijk,
Rijzende zomerdag!
Het zonnetje klimt
En schenkt mij zijn lach.
Haantje kraait: kukeleku!
Duifje roept: roekoekoe!
Ik wil ook zingen
Naar ik vermag.
Alles wat ademt,
Toont ons zijn levensaard:
Veulens en kalfjes,
Koeien en paard.
Gansjes, ze snateren 't uit,
Schaapjes: ze blaten luid;
Lammetjes huppelen
Door niets bezwaard.
Leeuwerik al hemelhoog,
Eendje in de vissevliet,
Zwaluw en musje,
Elk zingt zijn lied.
Ooievaars klepperen,
Kievits wiekwapperen,
Grutto op 't greidhek,
Roept: griet-o-griet.
'k Wou voor geen gulden
Dat men mij slapend vond;
De ochtend maakt mij
't Harte gezond.
Spreeuwen, ze tateren,
Eksters, ze schateren;
Alom klinkt blijdschap:
Ook uit mijn mond.
-
07
-
33
-
It Fryske Fersepaad gedicht 9
De boerinne fan Surch. Dit gedicht van Obe Postma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 9It Fryske Fersepaad gedicht 9
Dit gedicht van Obe Postma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
De boerinne fan Surch
De frou stiet op it boerehiem
Stil by de bûthúsdoar,
Yn sneinse swarte boerinneklean
Mei in bƻnte skeldoek foar.
Har earizer blinkt yn āe sinne fier
Want it hiem leit heech en frij;
En beammen waachse net te Surch:
De see is te tichtebij.
āt Is sneintemiddei, de bern binnā fuort
En kuierje oan āe seedyk,
De boer leit efkes op it ear:
Foar de frou allinne it ryk.
DĆŖr stiet hja no stil op it keale hiem
By in stokroas en goudsjeblom,
Dy har bern yn in tĆŗntsje noch opbrocht ha,
Mar dy hawwā it ek al net rom.
O dat hearlike grutte appelhƓf
Alear by har Ć¢ldersā hĆ»s,
Mei dy moaie hege abeeljenbeam
En blommen by de rƻs.
Hja is no hast al in âld wiif
En hat al grutte bern,
Mar dan wurdt har it moed dochs fol:
Hja mei dy lânsdou hjir net sjen!
āDat jo dĆŖr no noch om skrieme kinnā,
Dat is dochs de muoite net wurch,
Jo saān flink en warber boerewiif
Myn leave boerinne fan Surch.ā
-
It Fryske Fersepaad gedicht 10
Kampeare. Dit gedicht van Meindert Bylsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 10It Fryske Fersepaad gedicht 10
Dit gedicht van Meindert Bylsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Kampeare
As ienfâldige wigwammer
sis ik by sommige kempings
allinnich mar
ugh
-
It Fryske Fersepaad gedicht 11
De Ko. Dit gedicht van Harm Harsta maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 11It Fryske Fersepaad gedicht 11
Dit gedicht van Harm Harsta maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
De Ko
Sjoch de ko, dy 't op 'e finne
Oan 't weidzjen is mank raai en blom,
Har tonge slaan om 't iten hinne
Fan wjerskanten, yn 't rƻnom.
Jummer mar de kop omlegen,
PlƓkje en skuorre oanienwei,
Ierde en seadde sa genegen,
Stadlich giet it fuotwurk mei,
Sjoch hoe bûchsum èn ynfieren
Hja de lea hâldt yn balâns,
Lƻkend, srekkend, pees en spieren
Yn in rêstige kadâns.
Sa fan skaai en bou bestindich
Is de ko in kostber dier,
Mar as alle fee ynwindich
Tƻzenreis sa singelier
Seldsum lykwicht fan ferrjochting.
Dar ta hƻndert funksjes liedt:
Fieding, suvering, befochting,
Dat it dier syn sƻnens biedt,
Dat troch wƻnderwurk fan binnen
Alle weefsels underhâldt...
Hat dat ea befetsje kinnen
Alle kundichheid te wrâld?
Mee, it libben hjit op ierde
Yn finesses nei te gean?
Djipste wiisheid sil n et liede
Restleas ta folslein ferstean!
Mar Ɠfsjoen fan doel en noarmen
Stiet ien wierheid dochs oerein:
Sûnder leeg're wêzensfoarmen
Wien' de heeg're hâr ûntsein!
-
It Fryske Fersepaad gedicht 12
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun. Dit gedicht van Jan Kooistra maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 12It Fryske Fersepaad gedicht 12
Dit gedicht van Jan Kooistra maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei hjerstich tried fan reachfyn goud.
Ik ha de tonge fan dyn tinzen preaun,
en foar dy in himel boud.
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei inket, ynlik read, fan āt sap Ćŗt elzehout.
Ik ha de lippen fan dyn leafde preaun,
en fan dy al dat jout.
Ik ha dyn namme noch mei triennen wreaun,
en de smaak noch yn āe mĆ»le preaun,
en de glâns noch yn myn eagen hân.
Mar troch de westewinen is er treaun,
en mei wolken fol fan wjitte is er dreaun,
en yn stiltme fan in storeen stoarn.
-
10
-
Slachtedijk
Slachtedijk
De voormalige zee kering slingert vanaf de Waddenkust bij Easterbierum naar Raerd. Deze eeuwenoude dijk is 42 kilometer lang. Eeuwenlang beschermde de Slachte een flink deel van Noordwest-Fryslân tegen het zeewater van de Middelzee.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 13
It Heitelân. Dit gedicht van Jan Linses van der Burg maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 13It Fryske Fersepaad gedicht 13
Dit gedicht van Jan Linses van der Burg maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Heitelân
DĆŖr āt de dyk it lĆ¢n omklammet,
Lyk in memme earm hjar bern,
DĆŖr āt de wylde sĆ© jamk flammet
Op in hap Ćŗt Frisoās hernā;
DĆŖr āt de Stiennenman syn eagen
Stoarje lit oer fjild en strân,
DĆŖr āt men eanget fen gjin weagen,
DĆŖr is āt ljeave HeitelĆ¢n!
DĆŖr āt men eanget fen gjin weagen,
DĆŖr is āt ljeave HeitelĆ¢n!
DĆŖr āt Reaklif sa swietkes lonket
Yn de jountiidssinneskyn,
DĆŖr āt it bokweitblomke pronket
Twisken heide en beamgƻd yn,
DĆŖr āt de Aldehou syn brommen
Uren fier sims dreunt yn āt roun,
Dêr it tilt fen fé en blommen,
DĆŖr is āt oeral Fryske groun!
Dêr it tilt fen fé en blommen,
DĆŖr is āt oeral Fryske groun!
DĆŖr āt hjar froed de geaen spriede,
Twisken Lauwers, Linde en Flie,
Rêstich drÓgjend, eft de ierde
Rounom noft en frede wier,
DĆŖr āt de groun de soargen leannet
Fen der minsken warbre hân,
DĆŖr āt men frij en feilich wennet,
DĆŖr is āt ynljeaf HeitelĆ¢n.
DĆŖr āt men frij en feilich wennet,
DĆŖr is āt ynljeaf HeitelĆ¢n.
Lit ús tinke oan âlde tiden;
Ieuwen fol fen lĆŖst en noed,
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen, striden,
Wrachseljen mei wetterfloed,
DĆŖr āt Dy āt Ć¢lde folk biwarre,
Dreech tsjin stoarm en twingerij;
DĆŖr scillā wy, as Friezen, swarre:
āAldfaers erf, wy weitsje oer Dy!ā
DĆŖr scillā wy, as Friezen, swarre:
āAldfaers erf, wy weitsje oer Dy!ā
-
It Fryske Fersepaad gedicht 14
Ympresje. Dit gedicht van Baukje Wytsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 14It Fryske Fersepaad gedicht 14
Dit gedicht van Baukje Wytsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Ympresje
Allinnich ƻnderweis, in lette simmerjƻn,
hast wordt it mnacht.
De loft is wild en heidekleurich, de damp
sticht Ćŗt de sleatten op. It fee stiet
roerleas yn in see fan griis, swart-wite
skippen sƻnder seil en treil.
Ik tink oan Ruysdael yn it Mauritshƻs oant
giel en gleon koplampen my temjitte komme.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 15
Wommels (1947). Dit gedicht van Jan D. van der Mei maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 15It Fryske Fersepaad gedicht 15
Dit gedicht van Jan D. van der Mei maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Wommels (1947)
Yn Wommels stiet op Freuledei
De flagge op de toer.
Heech yn de loft, dĆŖr wappert hy
En sjocht de fjilden oer.
Hy sjocht it folk fan fier en heun
dewei nei 't doarpke gean.
Hy sjocht yn 't âlde doarpke sels
De bern om 't kreamke stean...
't Is Freuledei! By âld en jong
Stiet dy dei yn 't ûnthâld;
De dei dy 't namme en ropping hat
Yn hiel de keatserswrâld.
Sa lang as Fryslân Fryslân bliuwt
Bliuwt ek dy dei bestean.
En sil it folk fan fier en hein
Nei 't âlde doarpke gean.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 16
WĆŖrom. Dit gedicht van Anne Hellinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 16It Fryske Fersepaad gedicht 16
Dit gedicht van Anne Hellinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
WĆŖrom
wĆŖrom
hawwe beammen
blĆŖden
en wĆŖrom ite poppen
altyd brij
wĆŖrom
hat Ćŗs mem
lang hier heit
en wĆŖrom
hite kokes
kij
wĆŖrom
hawwe auto's
bannen
en wĆŖrom
hat in motor
sa'n lawaai
wĆŖrom
hat Ćŗs sjouk
koart hier heit
en wĆŖrom hyt in sleutel
kaai
wĆŖrom
is sa'n ding
in apel
en wĆŖrom
is dat oare
dan in par
toe no heit
ik wol it wite
sis it my no mar
-
Wommels (Wommels)
Wommels (Wommels)
Wommels is een terpdorp middenin de Greidhoek. Ieder jaar wordt in Wommels de Freulepartij gekaatst, dit is een hoogtepunt op de kalender van het dorp.
-
71
-
Museum It Tsiispakhƻs
Museum It Tsiispakhƻs
Museum it Tsiispakhƻs is gevestigd in een prachtig historisch kaaspakhuis in Wommels. Het museum nodigt je uit om een nieuw perspectief op landbouw te ontdekken, waarbij je de methoden van vroeger vergelijkt met die van nu.
-
It Reade Hynder
It Reade Hynder
Cafe Restaurant & binnentuin It Reade Hynder in het hart van Wommels. open van Donderdag tm maandag.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 17
Corvus cornix. Dit gedicht van Rintsje P. Sybesma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 17It Fryske Fersepaad gedicht 17
Dit gedicht van Rintsje P. Sybesma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Corvus cornix
Skier-swarte fƻgel, o, dou doarmest roun,
En slachst dyn feale wjukken yn āe rein;
Bistou Ćŗt langstme nei dizzā oarden tein,
En ljeavest sa dizzā hjerstich-wiete groun ?
Skier-swarte fƻgel, hat de wyn dy sein,
Det hjir de blide simmertiid forroun ?
En hastā it beamte drĆ“vich suchtsjend foun,
Wylst al hjar siersel foel oer paed en plein ?
Dou bistā oer woelāge wide wetters flein,
Dyn iensum reisgjen is op nij bigoun,
Nou āt rĆ»ge weagen skomje sĆ»nder ein.
Dit feale lân hat dy de frijdom jown,
Hwent ringen rint de bleke dei toān ein
En einleas-lang is āt rĆ»zjen fen āe joun.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 18
84 Ode. Dit gedicht van Reinder Rienk van der Leest maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 18It Fryske Fersepaad gedicht 18
Dit gedicht van Reinder Rienk van der Leest maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
84 Ode
ik sit op myn fyts
en ik sjong der myn liet
it liet dan myn treflik fytske
de bantsjes snuƓrje troch waar en troch wyn
it stjoer glimt fan rein en fan sinne
myn fyts sljocht en rjocht
mar sa earlik as goud
in ding sƻnder babbelegƻchjes
gjin spegeltsje hjir gjin wizerke der
en gjin laberint fan in motor
ik poets net op sneon
en ik poets net op snein
ik lit har mat stikem gewurde
en is der wat mis dan sjoch ik it fluch
en krij ik gjin pine yn 'e holle
it ljocht stiet op read
in troep auto's der foar
ik ryd der de slalom om hunne
en sprint it op grien dan bik ik al fuort
it earst Ćŗt dy stjonkende file
ik skel op de lju
mar se hearre it net
breedĆŗt yn har rikjende kringen
oan rinnede bân skoot blik by my lâns
ik fyts fƻgelfraai per de wegen
iens pakke se my
en dan sjong ik net mear
dan lis ik hiel stil op de stiennen
en stil leit myn fyts foar skroat oer de dyk
ien tsjil draait der noch mar wat hinne
-
It Fryske Fersepaad gedicht 19
Om Wommels hinne. Dit gedicht van Willem Abma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 19It Fryske Fersepaad gedicht 19
Dit gedicht van Willem Abma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Om Wommels hinne
ik hâld fan de hertstocht fan de Wâlden
it smĆ»ke fan in beamwĆ¢l op āt HeechsĆ¢n
it stege fan de klaai leit my ek nei
blommen fekken kleuren yn āe Bjirmen
de slinger fan de Slachte troch it lân
mar sljocht bin ik op Spannum en Kƻbaard
dy sealtektoer, saān Ć¢lde pastorije
it stompe en it spitske byinoar
om Wommels hinne lizze hert en aard
en ik dichtsje en dichtsje my in bân
al dy fersen wurde rƻte en wei
dyāt ik begean wol dyāt ik ferstean wol
en yn āe fersen steane loft en lĆ¢n
-
86
-
It Fryske Fersepaad gedicht 20
Fers 74. Dit gedicht van Trinus Riemersma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 20It Fryske Fersepaad gedicht 20
Dit gedicht van Trinus Riemersma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Fers 74
as ik mei in oere stjerre moast
wat soe 'k noch uthelje wolle?
in lĆŖste brief skriuwe oan har
Ɠfskied nimme fan in freondintsje
wat regelje foar de bern
nee neat fan dat allegearre
ik wol nei myn dea net regeare
it ret him wol sƻnder my
der is neat om glĆŖd te striken
der is my neat yn 'e wei
miskien soe ik even yn 't tĆŗn sjen
oft it gers al opkomt
en nei Lemstra rinne om in kroket
dy soe 'k noch wolris ite wolle
-
It Fryske Fersepaad gedicht 21
Twa kikkerts. Dit gedicht van Wybren Altena maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 21It Fryske Fersepaad gedicht 21
Dit gedicht van Wybren Altena maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Twa kikkerts
Twa kikkerts oan 'e hip dy sprongen om yn 't lân.
De ien wie optimist, de oar swier op 'e hân.
't Wie melkerstiid, in wein mei folle bussen stƻn ticht by in hikkedaam.
Se sprongen fan 'e grƻn ynienen rjocht omheech
en ploften beide kjel troch eigen ûnferstân lyk yn in molkbus del.
DĆŖr swommen se oerstjoer, de bus wie boardefol,
de glêde kanten lâns, oant ien sei:
āk Wit it wol, wy binn' ferlern, sis ik, wy ha it libben hĆ¢n.
Dit bodzjen jout Ćŗs neat, ik brĆ»k leafst myn ferstĆ¢nā
Hy buor'le nei omleech, wylst d' oare krigel sei:
āIk brĆ»k myn poaten leafst en jou mysels net weiā.
De molke reamme en skifte en skomme as griene sjippe.
Oant op it lĆŖst de froast nei oerenlang geploeter,
wol tige wurch fansels, mar liben, siet op bƻter,
Doe kaam de boerefeint werom en seach ferheard
Ćŗs kikkert yn 'e bus en smiet him yn 'e feart.
Lear fan dy kikkert dit: al rint it soms net mei,
jou noait de moed ferlern en smyt dysels net wei.
Want hy dy 't moedich bliuwt, yn tsjinslach doar te libjen,
dy wint de striid op 't lĆŖst en slagget yn syn stribjen.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 22
Paradys. Dit gedicht van Fedde Schurer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 22It Fryske Fersepaad gedicht 22
Dit gedicht van Fedde Schurer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Paradys
Alear ha'k wenne yn 't hof fan Eden
dêr 'k no safier fan Ófdwaald bin
omjƻn dan alle hearlikheden
sat 't nea in minsk betinke kin.
O, bliide tunen en rivieren
o kleare loft, o goede grƻn -
ik koe de taal fan alle dieren
haw ider beest syn namme jƻn.
En God wie altyd om my hinne
myn libben wie mei sines ien
ik koe him oan de waarme sinne
en oan itr rƻzjend beamtegrien.
O paradys, sa grien begerze
myn hert lƻkt nei syn oarsprong ta
en altyd sil 'k ûnwennich wêze
salang ik dy net werfƻn ha.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 23
Ballade fan de Sinteklazeboer. Dit gedicht van Douwe A. Tamminga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 23It Fryske Fersepaad gedicht 23
Dit gedicht van Douwe A. Tamminga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ballade fan de Sinteklazeboer
Yn āt hertsje fan Hinnaardārradiel
stiet earne in boerehĆ»s, dĆŖr āt hiel
wat jierren lyn op wenne
in jonge widdo. āt Wie dĆŖr rom,
in oare stjelp yn āt wiid rĆ»nom
koe amper men bekenne.
Dy pleats, sa wol in âld ferhaal,
yn yprenbeammen yl en skraal,
te waaid en heal ferwile,
dĆŖr hat op in desimbermoarn
him ienkear in hiel ƻngewoan
en seldsum stik Ɠfspile.
De widdo warber as in bij,
berĆŖde sels har buorkerij
en hie it slim folhannich.
Se tsjerne en tsize dat it die,
komselden, redsum as se wie,
waard har it wurk te bannich.
Dat kaam, se hie in feint yn hier,
in kloeke bodder, sikerwier,
dy wóé, it wie wat wûnders.
En sterk! Hy tilde boppehâns
op āt tsiisboerd tagelyk mei glĆ¢ns
twa, trije tritichpƻnders.
Hy molk en fuorre it jier yn āt rĆ»n
en stie faak op āe lette jĆ»n
yn āt fjild noch poer-allinne.
Nachts hat er as in soarchsum feint
yn āt bĆ»thĆ»s mannich kealtsje heind:
hy flƩach foar syn boerinne.
Sa libbe it dêr de jiergong lâns
en bleau it buorkjen yn āe blĆ¢ns,
sa koe de frou it rugje.
Doe, op in jƻn, de dei wie oer,
hy siet by āt waarme winterfjoer
foar har te klompeplugjen,
doe sei boerinne mei in glim,
ā der lei wat gutichs yn har stim -:
āāt is tiid fan sinteklaazjen,
ast no dyn klompen hjir ris brochst
watst dĆŖr moarnier yn fine mochtst
meist nimme as dyn gaazje!ā
De feint, nijsgjirrich as in skries,
joech foar de frou har wurd belies
en joech him doe nei sliepen,
mar tocht, ear āt him de lea befoel:
wat is de bāārinne dochs fan doel?
Dy grutte fraach bleau iepen.
De oare moarns foar dage en dei
wie hy al Ć»nder āe wrine wei
mei āt doel en lit neat skine.
Stil kipe er troch de mulhƻsdoar.
mar hoe āt er seach, hy koe gjin spoar
noch skyn fan klompen fine.
Wól stie de widdo nêst de hurd,
āSjoch mar ris goedāsa wie har wurd,
āwat ha āk hjir oan myn skonken?ā
De feint besaude en hy begriep:
syn klompen! O, se lake liep
tewyl har eagen blonken.
It duorre net mear mâle lang
doe wie de mole troch de fang
de feint wie gau besletten.
Hy naam syn sinteklaaspresint
mei beide hannen oan en sint
wie āt maitiid yn twa herten.
Wie maitiid doe āt yn kleare taal
twa flaggen op āe skuorrenaal
ferhellen fanāt wjerfarrenā¦
Noch altyd hâldt de jierren oer
de nammeāSinteklazeboerā
oantinken oan dit barren.Mar as om sinteklazetiid
dā Ć¢ld biskop oer de dakken riidt
dan kin er āt foar him krije:
dy feint, dy widdo by de hurd,
dan glimket er yn āt grize burd.
Hy mei āt ferhaal wol lije.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 24
Kastanjes. Dit gedicht van Jelle H. Brouwer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Fryske Fersepaad gedicht 24It Fryske Fersepaad gedicht 24
Dit gedicht van Jelle H. Brouwer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Kastanjes
In stille moarn en net it minst bewegen,
En net in stim dy troch de dize giet:
Allinne dript, út beammen lâns de wegen,
Yn 't giele leaf it treasteleaze liet.
It libben, yn al inger rƻnte sletten,
Ebbet en gliidt de rĆŖst yn, deade-stil.
Oft ek it bange bûnzjen fan ús herten
Yn 't selde ritme sliepend stjerre sil?
De dize dript - dan, op Ć© stille strjitte,
Knappe kastanjes en de frucht springt bleat.
Mocht sa de siele Ćŗt lichems hoalling sjitte
En glânzjen iepenboarste yn é dead!
Jelle H.Brouwer
Een stille ochtend zonder 't minst bewegen,
en zelfs geen stem die gaat door 't nevelgrijs;
slechts drupt er, uit de bomen langs de wegen,
in 't gele loof deez' troosteloze wijs.
Het leven, in al enger kring bevangen,
ebt en verglijdt tot doodlijk-stille staat.
Of van ons hart ook 't bonzen en verlangen
in 't zelfde ritme slapend sterven gaat?
De nevel drupt - dan, op de stille straten,
knappen kastanjes en de vrucht springt bloo.
Mocht zo de ziele lichaams huis verlaten
En glanzend openbreken in de dood.
-
It Fryske Fersepaad gedicht 25
Ienser Folksliet. Dit gedicht van Pyt Idzinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
It Fryske Fersepaad gedicht 25It Fryske Fersepaad gedicht 25
Dit gedicht van Pyt Idzinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.Ā
Ienser Folksliet
Doarpke fier fan it wyld gewynder
't jachtsjen fan de bûnte stêd
RĆŖstich rinn'de kij, de hynders.
't Jongfee yt him fredich sĆŖd.
Nea ferskrikt troch 't dƓf gedinder
fan it trochgeand drok ferkear.
't Telt miskien yn oansjen minder,
mar yn stil genietsjen mear.
Roazige kastanje-plommen
skaadzje om de stompe toer.
Fjilden grien en bƻnt fan blommen:
breidsmoarn fan 'e dorpsnatoer
elke maitiid wer fernije.
Sleatten griis en sulvergrau
dy 't it lege lân trochsnije,
spegeljend it himelblau.
Doarpke as in siel as tachtich,
minsken Ćŗt it boerelaach.
Net yn tal en namme machtich,
net fan heech ferneamde staach.
Yn dat lytse plakje berne;
jonges, famkes, man en frou,
elts dy 't koart of lang der wenne
bliuwt dit oard fan ienfâld trou.
Mienskip is ien grutte sibbe,
Ć¢ld'ren, jong'ren, boarger, boer,
ha in plak in elkaors libben,
drage om utens dorpsgeast oer.
Berte, boaskjen en ferstjerren,
't hat al jierren bliken dien:
tiid mei nea dy geast ferdjerre,
Ienser binn' en bliuwe ien!
-
Hervormde Kerk Iens
Hervormde Kerk Iens
De ruim veertig bewoners die Iens telt, passen met gemak in deze schilderachtig gelegen kerk. De noordelijke muur en toren dateren uit de dertiende eeuw, het koor en zuidelijke muur zijn in 1874 bij een uitbreiding vernieuwd. Op de hoek van het kerk...