Slapen, eten, drinken, zien en doen in Wommels
25 t/m 48 van 60 resultaten
-
It Fryske Fersepaad gedicht 25
It Fryske Fersepaad gedicht 25
Dit gedicht van Pyt Idzinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ienser Folksliet
Doarpke fier fan it wyld gewynder
't jachtsjen fan de bûnte stêd
Rêstich rinn'de kij, de hynders.
't Jongfee yt him fredich sêd.
Nea ferskrikt troch 't dôf gedinder
fan it trochgeand drok ferkear.
't Telt miskien yn oansjen minder,
mar yn stil genietsjen mear.
Roazige kastanje-plommen
skaadzje om de stompe toer.
Fjilden grien en bûnt fan blommen:
breidsmoarn fan 'e dorpsnatoer
elke maitiid wer fernije.
Sleatten griis en sulvergrau
dy 't it lege lân trochsnije,
spegeljend it himelblau.
Doarpke as in siel as tachtich,
minsken út it boerelaach.
Net yn tal en namme machtich,
net fan heech ferneamde staach.
Yn dat lytse plakje berne;
jonges, famkes, man en frou,
elts dy 't koart of lang der wenne
bliuwt dit oard fan ienfâld trou.
Mienskip is ien grutte sibbe,
âld'ren, jong'ren, boarger, boer,
ha in plak in elkaors libben,
drage om utens dorpsgeast oer.
Berte, boaskjen en ferstjerren,
't hat al jierren bliken dien:
tiid mei nea dy geast ferdjerre,
Ienser binn' en bliuwe ien! Edens
-
It Fryske Fersepaad gedicht 14
It Fryske Fersepaad gedicht 14
Dit gedicht van Baukje Wytsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ympresje
Allinnich ûnderweis, in lette simmerjûn,
hast wordt it mnacht.
De loft is wild en heidekleurich, de damp
sticht út de sleatten op. It fee stiet
roerleas yn in see fan griis, swart-wite
skippen sûnder seil en treil.
Ik tink oan Ruysdael yn it Mauritshûs oant
giel en gleon koplampen my temjitte komme. Wommels
-
Easterein (Oosterend)
Easterein (Oosterend) Easterein
-
Hervormde Kerk Iens
Hervormde Kerk Iens Iens
-
It Fryske Fersepaad gedicht 15
It Fryske Fersepaad gedicht 15
Dit gedicht van Jan D. van der Mei maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Wommels (1947)
Yn Wommels stiet op Freuledei
De flagge op de toer.
Heech yn de loft, dêr wappert hy
En sjocht de fjilden oer.
Hy sjocht it folk fan fier en heun
dewei nei 't doarpke gean.
Hy sjocht yn 't âlde doarpke sels
De bern om 't kreamke stean...
't Is Freuledei! By âld en jong
Stiet dy dei yn 't ûnthâld;
De dei dy 't namme en ropping hat
Yn hiel de keatserswrâld.
Sa lang as Fryslân Fryslân bliuwt
Bliuwt ek dy dei bestean.
En sil it folk fan fier en hein
Nei 't âlde doarpke gean. Wommels
-
Wolkom Thús - Appartement Brons
Wolkom Thús - Appartement Brons Itens
-
Museum It Tsiispakhûs
Museum It Tsiispakhûs Wommels
-
Hervormde Kerk Kûbaard
Hervormde Kerk Kûbaard Kûbaard
-
Skrins
Skrins Hennaard
-
Natuurmonumenten Friesland
Natuurmonumenten Friesland Easterein
-
Skrok - Vogelkijkhut
Skrok - Vogelkijkhut Wommels
-
It Fryske Fersepaad gedicht 17
It Fryske Fersepaad gedicht 17
Dit gedicht van Rintsje P. Sybesma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Corvus cornix
Skier-swarte fûgel, o, dou doarmest roun,
En slachst dyn feale wjukken yn ’e rein;
Bistou út langstme nei dizz’ oarden tein,
En ljeavest sa dizz’ hjerstich-wiete groun ?
Skier-swarte fûgel, hat de wyn dy sein,
Det hjir de blide simmertiid forroun ?
En hast’ it beamte drôvich suchtsjend foun,
Wylst al hjar siersel foel oer paed en plein ?
Dou bist’ oer woel’ge wide wetters flein,
Dyn iensum reisgjen is op nij bigoun,
Nou ’t rûge weagen skomje sûnder ein.
Dit feale lân hat dy de frijdom jown,
Hwent ringen rint de bleke dei to’n ein
En einleas-lang is ’t rûzjen fen ’e joun. Wommels
-
B&B Zathe de Spieker - van Gogh kamer
B&B Zathe de Spieker - van Gogh kamer Itens
-
B&B Zathe de Spieker - Vermeer kamer
B&B Zathe de Spieker - Vermeer kamer Itens
-
B&B De Oude Dame - Kamer 'De Oude Dame'
B&B De Oude Dame - Kamer 'De Oude Dame' Easterein
-
Informatiepunt Wommels (It Tsiispakhûs)
Informatiepunt Wommels (It Tsiispakhûs) Wommels
-
Hubertuskerk Lollum
Hubertuskerk Lollum Lollum
-
It Fryske Fersepaad gedicht 16
It Fryske Fersepaad gedicht 16
Dit gedicht van Anne Hellinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Wêrom
wêrom
hawwe beammen
blêden
en wêrom ite poppen
altyd brij
wêrom
hat ús mem
lang hier heit
en wêrom
hite kokes
kij
wêrom
hawwe auto's
bannen
en wêrom
hat in motor
sa'n lawaai
wêrom
hat ús sjouk
koart hier heit
en wêrom hyt in sleutel
kaai
wêrom
is sa'n ding
in apel
en wêrom
is dat oare
dan in par
toe no heit
ik wol it wite
sis it my no mar Wommels
-
It Fryske Fersepaad gedicht 13
It Fryske Fersepaad gedicht 13
Dit gedicht van Jan Linses van der Burg maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Heitelân
Dêr ’t de dyk it lân omklammet,
Lyk in memme earm hjar bern,
Dêr ’t de wylde sé jamk flammet
Op in hap út Friso’s hern’;
Dêr ’t de Stiennenman syn eagen
Stoarje lit oer fjild en strân,
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t Reaklif sa swietkes lonket
Yn de jountiidssinneskyn,
Dêr ’t it bokweitblomke pronket
Twisken heide en beamgûd yn,
Dêr ’t de Aldehou syn brommen
Uren fier sims dreunt yn ’t roun,
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Dêr ’t hjar froed de geaen spriede,
Twisken Lauwers, Linde en Flie,
Rêstich drôgjend, eft de ierde
Rounom noft en frede wier,
Dêr ’t de groun de soargen leannet
Fen der minsken warbre hân,
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
Lit ús tinke oan âlde tiden;
Ieuwen fol fen lêst en noed,
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen, striden,
Wrachseljen mei wetterfloed,
Dêr ’t Dy ’t âlde folk biwarre,
Dreech tsjin stoarm en twingerij;
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!” Wommels
-
Camping de Achte
Camping de Achte Wommels
-
Jachthaven de Appelhof
Jachthaven de Appelhof Wommels
-
De Appelhof - Tiny Houseboat
De Appelhof - Tiny Houseboat Wommels
-
De Appelhof - Glampingtent aan het water- Type A
De Appelhof - Glampingtent aan het water- Type A Wommels
-
It Fryske Fersepaad gedicht 20
It Fryske Fersepaad gedicht 20
Dit gedicht van Trinus Riemersma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Fers 74
as ik mei in oere stjerre moast
wat soe 'k noch uthelje wolle?
in lêste brief skriuwe oan har
ôfskied nimme fan in freondintsje
wat regelje foar de bern
nee neat fan dat allegearre
ik wol nei myn dea net regeare
it ret him wol sûnder my
der is neat om glêd te striken
der is my neat yn 'e wei
miskien soe ik even yn 't tún sjen
oft it gers al opkomt
en nei Lemstra rinne om in kroket
dy soe 'k noch wolris ite wolle Wommels