Slapen, eten, drinken, zien en doen in Wommels
1 t/m 24 van 60 resultaten
-
Verrekijker Greidhoeke
Verrekijker Greidhoeke Easterein
-
E-bike oplaadpunt - Museum 't Tsiispakhus
E-bike oplaadpunt - Museum 't Tsiispakhus Wommels
-
B&B Zathe de Spieker - Vermeer kamer
B&B Zathe de Spieker - Vermeer kamer Itens
-
Camping de Achte - Vakantiehuisje de Achte
Camping de Achte - Vakantiehuisje de Achte Wommels
-
B&B It Hof
B&B It Hof Easterein
-
Wolkom Thús
Wolkom Thús Itens
-
Fietsroute de Groene Greidhoek
Fietsroute de Groene Greidhoek Wommels
-
It Fryske Fersepaad gedicht 19
It Fryske Fersepaad gedicht 19
Dit gedicht van Willem Abma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Om Wommels hinne
ik hâld fan de hertstocht fan de Wâlden
it smûke fan in beamwâl op ‘t Heechsân
it stege fan de klaai leit my ek nei
blommen fekken kleuren yn ‘e Bjirmen
de slinger fan de Slachte troch it lân
mar sljocht bin ik op Spannum en Kûbaard
dy sealtektoer, sa’n âlde pastorije
it stompe en it spitske byinoar
om Wommels hinne lizze hert en aard
en ik dichtsje en dichtsje my in bân
al dy fersen wurde rûte en wei
dy’t ik begean wol dy’t ik ferstean wol
en yn ‘e fersen steane loft en lân Wommels
-
Wommels (Wommels)
Wommels (Wommels) Wommels
-
De Appelhof - Tiny House aan het water- Type B
De Appelhof - Tiny House aan het water- Type B Wommels
-
Bed & Breakfast Joarum
Bed & Breakfast Joarum Kûbaard
-
It Reade Hynder
It Reade Hynder Wommels
-
Zwembad De Klomp
Zwembad De Klomp Wommels
-
Jumbo Kooistra Wommels
Jumbo Kooistra Wommels Wommels
-
Rispens Poldermolen Easterein
Rispens Poldermolen Easterein Hidaard
-
It Fryske Fersepaad gedicht 22
It Fryske Fersepaad gedicht 22
Dit gedicht van Fedde Schurer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Paradys
Alear ha'k wenne yn 't hof fan Eden
dêr 'k no safier fan ôfdwaald bin
omjûn dan alle hearlikheden
sat 't nea in minsk betinke kin.
O, bliide tunen en rivieren
o kleare loft, o goede grûn -
ik koe de taal fan alle dieren
haw ider beest syn namme jûn.
En God wie altyd om my hinne
myn libben wie mei sines ien
ik koe him oan de waarme sinne
en oan itr rûzjend beamtegrien.
O paradys, sa grien begerze
myn hert lûkt nei syn oarsprong ta
en altyd sil 'k ûnwennich wêze
salang ik dy net werfûn ha. Edens
-
B&B De Oude Dame
B&B De Oude Dame Easterein
-
De Appelhof - Tiny House aan het water- Type A
De Appelhof - Tiny House aan het water- Type A Wommels
-
Slachtedijk
Slachtedijk Wommels
-
Skrins - Vogelkijkhut
Skrins - Vogelkijkhut Hinnaard
-
It Fryske Fersepaad gedicht 24
It Fryske Fersepaad gedicht 24
Dit gedicht van Jelle H. Brouwer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Kastanjes
In stille moarn en net it minst bewegen,
En net in stim dy troch de dize giet:
Allinne dript, út beammen lâns de wegen,
Yn 't giele leaf it treasteleaze liet.
It libben, yn al inger rûnte sletten,
Ebbet en gliidt de rêst yn, deade-stil.
Oft ek it bange bûnzjen fan ús herten
Yn 't selde ritme sliepend stjerre sil?
De dize dript - dan, op é stille strjitte,
Knappe kastanjes en de frucht springt bleat.
Mocht sa de siele út lichems hoalling sjitte
En glânzjen iepenboarste yn é dead!
Jelle H.Brouwer
Een stille ochtend zonder 't minst bewegen,
en zelfs geen stem die gaat door 't nevelgrijs;
slechts drupt er, uit de bomen langs de wegen,
in 't gele loof deez' troosteloze wijs.
Het leven, in al enger kring bevangen,
ebt en verglijdt tot doodlijk-stille staat.
Of van ons hart ook 't bonzen en verlangen
in 't zelfde ritme slapend sterven gaat?
De nevel drupt - dan, op de stille straten,
knappen kastanjes en de vrucht springt bloo.
Mocht zo de ziele lichaams huis verlaten
En glanzend openbreken in de dood. Edens
-
It Fryske Fersepaad gedicht 21
It Fryske Fersepaad gedicht 21
Dit gedicht van Wybren Altena maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Twa kikkerts
Twa kikkerts oan 'e hip dy sprongen om yn 't lân.
De ien wie optimist, de oar swier op 'e hân.
't Wie melkerstiid, in wein mei folle bussen stûn ticht by in hikkedaam.
Se sprongen fan 'e grûn ynienen rjocht omheech
en ploften beide kjel troch eigen ûnferstân lyk yn in molkbus del.
Dêr swommen se oerstjoer, de bus wie boardefol,
de glêde kanten lâns, oant ien sei:
“k Wit it wol, wy binn' ferlern, sis ik, wy ha it libben hân.
Dit bodzjen jout ús neat, ik brûk leafst myn ferstân”
Hy buor'le nei omleech, wylst d' oare krigel sei:
“Ik brûk myn poaten leafst en jou mysels net wei”.
De molke reamme en skifte en skomme as griene sjippe.
Oant op it lêst de froast nei oerenlang geploeter,
wol tige wurch fansels, mar liben, siet op bûter,
Doe kaam de boerefeint werom en seach ferheard
ús kikkert yn 'e bus en smiet him yn 'e feart.
Lear fan dy kikkert dit: al rint it soms net mei,
jou noait de moed ferlern en smyt dysels net wei.
Want hy dy 't moedich bliuwt, yn tsjinslach doar te libjen,
dy wint de striid op 't lêst en slagget yn syn stribjen. Wommels
-
It Fryske Fersepaad gedicht 25
It Fryske Fersepaad gedicht 25
Dit gedicht van Pyt Idzinga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ienser Folksliet
Doarpke fier fan it wyld gewynder
't jachtsjen fan de bûnte stêd
Rêstich rinn'de kij, de hynders.
't Jongfee yt him fredich sêd.
Nea ferskrikt troch 't dôf gedinder
fan it trochgeand drok ferkear.
't Telt miskien yn oansjen minder,
mar yn stil genietsjen mear.
Roazige kastanje-plommen
skaadzje om de stompe toer.
Fjilden grien en bûnt fan blommen:
breidsmoarn fan 'e dorpsnatoer
elke maitiid wer fernije.
Sleatten griis en sulvergrau
dy 't it lege lân trochsnije,
spegeljend it himelblau.
Doarpke as in siel as tachtich,
minsken út it boerelaach.
Net yn tal en namme machtich,
net fan heech ferneamde staach.
Yn dat lytse plakje berne;
jonges, famkes, man en frou,
elts dy 't koart of lang der wenne
bliuwt dit oard fan ienfâld trou.
Mienskip is ien grutte sibbe,
âld'ren, jong'ren, boarger, boer,
ha in plak in elkaors libben,
drage om utens dorpsgeast oer.
Berte, boaskjen en ferstjerren,
't hat al jierren bliken dien:
tiid mei nea dy geast ferdjerre,
Ienser binn' en bliuwe ien! Edens
-
It Fryske Fersepaad gedicht 14
It Fryske Fersepaad gedicht 14
Dit gedicht van Baukje Wytsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ympresje
Allinnich ûnderweis, in lette simmerjûn,
hast wordt it mnacht.
De loft is wild en heidekleurich, de damp
sticht út de sleatten op. It fee stiet
roerleas yn in see fan griis, swart-wite
skippen sûnder seil en treil.
Ik tink oan Ruysdael yn it Mauritshûs oant
giel en gleon koplampen my temjitte komme. Wommels