locaties
2017 t/m 2040 van 2502 resultaten
-
Klokkenstoel Smallebrugge
Klokkenstoel Smallebrugge Smallebrugge
-
Sloten (Sleat)
Sloten (Sleat) Sloten
-
H2Oevents
H2Oevents Heeg
-
Restaurant De Klokkenstoel
Restaurant De Klokkenstoel Goingarijp
-
Scharsterrijnbrug
Scharsterrijnbrug Scharsterbrug
-
Peal 2: Krúspunt supermarkt
Peal 2: Krúspunt supermarkt
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Ja, dêr bin ik wer. As it goed is stietst no op de T-splitsing yn it doarp, mei de rêch nei de supermerk. Sjoch marris rêstich om dy hinne. Do stietst no foar op in foar doarpsbegrippen ‘drok’ krúspunt. De dyk rjochting de slûs en de pier leit rjocht foar dy. De dyk nei links giet fierder de buorren yn en no wurdt it nijsgierrich. Ik sil dy útdaagje.
We gean nei it jier 1870.
In tiid fan komelkers en skippers. En in tiid fan earmoede. Dit plak, yn it sintrum fan it doarp, wurdt net bepaald troch in knooppunt fan diken, lykas dat yn de 21ste ieuw it gefal is, mar troch farwetters. Ja, do hearst it goed. De dyk links fan dy, fierderop it doarp yn en de dyk foar dy rjochting iisbaan is it farwetter ’t Far.De supermerk is ek yn dizze tiid al in doarpswinkel en eigendom fan de beurtskipper. Oan de oare kant sjochst in boerepleats. Letter sil dit de Kameleonbuorkerij wurde. No is it noch ien fan de grutste buorkerijen dy’t hjir oan it wetter leit. En dan rjochts, oan de oare kant fan it wetter, dêr sjochst in rige skippershúzen.
Tsja! It wûnder fan de tiid. De wegen fan de 21ste ieuw binne in yllúsje, as’t it de skippers fan 1870 fregest. En de farwetters krektlike goed, ast in moderne toerist deselde fraach stelle soest. Dúzelt it dy al wat?
Stek mar oer, we rinne oer it wetter rjochting iisbaan. Sjoch goed út, it kin hjir drok wêze. Foar de fitness-tastellen sjochst in grintpaad nei links. Dit geane we del.It gebied om de iisbaan hinne is allinnich mar greide en sleatsjes oant 1990. Op dat stuit it grutste en bêste stik greide fan Terherne. Der rinne sa’n 60 kij te weidzjen. Letter sil dit lân plak romje foar wetter en wurde der 250 wenten bouwd, benammen foar rekreaasje. Ik sil dy earlik sizze, dat is foar my as âld boer en hoeder fan Terherne mar dreech te befetsjen.
Ek wurdt de âlde iisbaan hjirhinne ferpleats. De Terhernster skippers binne de bêste reedriders, dus dat begryp ik noch wol.
Nei de iisbaan geane we links ôf en rinne we sa’n 30 meter fierder, oanst linksôf fan dy in grintpaad sjochst. ’t Efterom, stiet op it buordtsje. Gean dit grintpaad op. Rin mar troch safier as’t sjen kinst en dan krekt de bocht troch. Do sjochst dêr straks oan de linkerhân in grutte hege pastorij, mei in tún mei knotwylgen. Wachtsje dêr mar eefkes.
We binne noch hieltyd yn 1870. Ûnlijich waar, wyn en kjeld.
We steane hjir foar de kosterswenning, dy’t tsjin de achterkant fan de Fermanje bouwd is. De minsken binne earm. It is in tiid fan hurd wurkjen foar in bytsje jild. Dit jild foar de komelkers en de skippers. Ek hjir is allinnich mar greide, mei sleatsje der omhinne. Mear en mear skippers strûpe der ûnder (geane fallyt) en de oaren moatte hieltyd fierder en langer fuort om hannel driuwe te kinnen, troch de oanhâldende konkurrinsje. Se komme sels yn Seelân en Antwerpen telânne. Ek de komelkers hawwe it dreech. Troch de komst fan de molkfabriken, komme der hieltyd mear komelkers en dêrtroch binne de opbringsten leech en de lânpachten heech. En tel dêr noch de feepest by op. It is sels sa slim, dat in inkeling himsels ferdrinkt, nei’t er betrape wurdt by it oanlingen fan syn molke mei wetter!Mar yn dit tsjerkje en yn dizze wenning baarnt it ljocht. It is de tsjerke wêr’t Dûmny Dornseiffen preket. Dornseiffen is in man sûnder bern, mar yn syn hert is er in echte famyljeman. In goeddwaander. (goeddogger) Hy betsjut in soad foar de skippersfamyljes en harren bern en hat hert foar harren. (mient it goed mei harren.) Sa soarget hy foar in system wêrtroch de bern nei skoalle kinne as harren âlders fuort binne en se yn eigen doarp by famylje terjochte kinne. In part fan it skoaljild wurdt oan de famylje betelle, sadat se de bern, nettsjinsteande de earmoed, yn hûs nimme kinne en yn de waarmte fan harren húshâlding opfange kinne.
Ast goed sjochst, sjocht ûnder de tsjerke in kelder. Hjir mochten de skippers harren ierpels by’t winter opslaan, sadat dy ek froastfrij bewarre wurde koene.
Kom, we geane fierder dit dykje del. Oant it ein fan dit skelpepaad stopje we eefkes. Dêr fertel ik dy in oar ferhaal en silst merke yn wat foar rauwe tiid we hjir belibje dat in soad yndruk makket.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
Terherne
-
Zeilschool Neptunus - de Kerk
Zeilschool Neptunus - de Kerk Idskenhuizen
-
Banketbakkerij De Korenbloem
Banketbakkerij De Korenbloem Sneek
-
Optiek Peter
Optiek Peter Bolsward
-
Twirre Watersport
Twirre Watersport Langweer
-
Eysinga State - Standaard kampeerplaats
Eysinga State - Standaard kampeerplaats Sint Nicolaasga
-
De Entoeraazje
De Entoeraazje Joure
-
11fountains Sneek
11fountains Sneek Sneek
-
Beach Resorts Makkum - Star+ 6 personen
Beach Resorts Makkum - Star+ 6 personen Makkum
-
Stadswandeling Sloten
Stadswandeling Sloten Sloten
-
Stadhuis Sneek
Stadhuis Sneek Sneek
-
Dorpskerk Zurich
Dorpskerk Zurich Zurich
-
Ankertsjerke Oudega SWF
Ankertsjerke Oudega SWF Oudega SWF
-
It Âld Hússtee
It Âld Hússtee Sandfirden
-
Camping de Finne - Tipi
Camping de Finne - Tipi Reahûs
-
Het Brandemeer
Het Brandemeer Delfstrahuizen
-
Elfstedentocht beeld Aukje in Sneek
Elfstedentocht beeld Aukje in Sneek Sneek
-
Súdermarpolder
Súdermarpolder Stavoren
-
It Fryske Fersepaad gedicht 22
It Fryske Fersepaad gedicht 22
Dit gedicht van Fedde Schurer maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Paradys
Alear ha'k wenne yn 't hof fan Eden
dêr 'k no safier fan ôfdwaald bin
omjûn dan alle hearlikheden
sat 't nea in minsk betinke kin.
O, bliide tunen en rivieren
o kleare loft, o goede grûn -
ik koe de taal fan alle dieren
haw ider beest syn namme jûn.
En God wie altyd om my hinne
myn libben wie mei sines ien
ik koe him oan de waarme sinne
en oan itr rûzjend beamtegrien.
O paradys, sa grien begerze
myn hert lûkt nei syn oarsprong ta
en altyd sil 'k ûnwennich wêze
salang ik dy net werfûn ha. Edens