locaties
577 t/m 600 van 2465 resultaten
-
Friesland Boating Yachtcharter - Morrakruiser FBB 1150 Christa
Friesland Boating Yachtcharter - Morrakruiser FBB 1150 Christa Koudum
-
Iselmar Sporthotel - Comfort kamer met havenzicht
Iselmar Sporthotel - Comfort kamer met havenzicht Lemmer
-
Welgelegen - VW Bus hut
Welgelegen - VW Bus hut Workum
-
Roosje Oud Hindelooper kunst anno 1894
Roosje Oud Hindelooper kunst anno 1894 Hindeloopen
-
Camping Hindeloopen
Camping Hindeloopen Hindeloopen
-
Klokkenstoel Ruigahuizen
Klokkenstoel Ruigahuizen Ruigahuizen
-
B&B 7de Hemel - Vergeet-mij-nietje
B&B 7de Hemel - Vergeet-mij-nietje Hemelum
-
Kampeerplaats
Kampeerplaats Terkaple
-
Koetshuisje
Koetshuisje Idzega
-
Kerk Oudwoude
Kerk Oudwoude Ouwsterhaule
-
De Stille Boot
De Stille Boot Heeg
-
Peal 3: Oan it einfan ‘t Efterom
Peal 3: Oan it einfan ‘t Efterom
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Bliuw hjir mar eefkes stean by dit pealtsje en sjoch marris goed om dy hinne. Sjochst dat boske, dêr rjocht foar dy? Oan de oare kant fan dat stikje lân? Ssst, meitsje mar gjin lûd. En sjoch goed. Ja! Dêr! Sjochst dy minsken? Se sykje wat. Om te oerlibjen. Sa’t ik al sei, is it net allinnich in tiid fan earmoede, mar ek fan de feepest. Somtiden moatte hiele bûthuzen romme wurde om fierdere besmetting foar te kommen. De kij wurde dan begroeven op plakken as hjir tsjinoer. Letter wurde der dan beamme op plante. Mar de minsken dy’t dêr no oan it graven binne? Dat binne minsken dy’t dreaun troch honger midden yn de nacht op syk binnen nei fleis dat se noch ite kinne. Feepest of net…..
Nei it skelpepaad geane we linksôf. We stekke de dyk wer oer en rinne de Buorren yn nei de yngong fan it fakânsjepark. It park sjochst sa rjochts fan dy, dêr by de swarte poarte. Dêr stopje we eefkes.
Wat in grutte huzen steane hjirre, fynst ek net? Lúkse fakânsjewenten rjochte op it wetter. Je sjogge se fanôf de Terhernster Puollen as de Skyline fan Terherne. Ik ken dit plakje hiel oars. En dit is dan ek it plak dy’t my it measte oan it hert giet. Ik fertel dy wêrom:Dêrfoar geane we werom nei it jier 1686.
Ja, dêr binne we. Do stietst no op in ferlitten en ûnferhurde wei. Foar en achter dy binne greiden, allinnich Café Zevenwouden (It Kafee dat hjir om de hoeke stiet) stiet der al, lykas de húskes deromhinne, dy’tst hjierwei in bytsje sjen kinst.
Tsja, dit Landal-park… Krekt op dit plak….. Yn myn tiid wie dat wol oars. Doe wie dit in stik greide, dat nei myn dea in hiele spesifieke namme krige: “It earmen fintsje” Dat safolle betsjut as it stikje lân foar de earmelju.Dit wie foar my sa ferskrikkelik wichtich, dat ik sels op myn grêfstien setten litten haw dat dit stikje lân, “oant yn de ivichheidsdagen” beskikber wêze moat foar de minsken dy’t it min hawwe. Wat tinkst? Wie dat realistysk? Dat fertel ik dy daliks by myn rêstplak.
Want we meitsje earst noch eefkes in spronkje nei 1840 en besjoch no earst de brúne skuorre achter dy. Dy’t yn dizze tiid ‘ít blauwe hok’ hyt.. nei syn earste kleur. Rin der marris hinne. De ferlitten ûnferhurde dyk wêrst sakrekt del kaamst, komst by dizze skuorre del en is it weinhok fan de rintenierswenning dy’t hjirachter stiet. Dêr komnme we sadaliks.
Yn de lettere tiden sniene de jongelju dy’t út it kafee kamen harren ‘ferkearing’ yn de houten achterdoar fan dizze skuorre. Somtiden nei in stikeme of hertstochtelike moeting achter it weinhok. De pleatselike skilder draagt hjir in waarm hert foar en hat dizze leafdesferklearrings altyd yn eare hâlden. Je moatte goed sjen yn dizze achterdoarren. Sjocht se? Of bist faaks sels noch ien fan dy jonges dy’t syn leafde hjir ferivicht hat?We rinne no de bocht om.
Dit is de rintenierswenning. Op de doar stiet nûmer 13-15 en yn de gevel neist de foardoar sjochst in stien mei de namme ‘Boetje’. De soan fan de eigener fan dit hûs wennert op in pleats fierderop. En eltse kear as hy nei tsjerke riid, set er syn hynders en wein hjir yn de skuorre.
Sa’t ik al sei, leit de oarsprong fan it doarp hjir op dit plak. Dit wie it oarspronkelike sintrum fan Terherne. Sjoch marris rêstich om dy hinne en rin mar wat om.
We gean earst nei 1686, de tiid fan it ûntstean fan “It Earmenfintsje”
Achter ‘t earmenfintsje, wêr’t we niis stiene, wie noch in feart; de lykfeart. Dizze feart komt op ‘t Far út, it farwetter dat hjir neist kafee Zevenwouden leit. As immen komt te ferstjerren, wurdt de kiste mei in pream ferfierd dizze feart del en leit men dêr fierderop oan. Tusken de âlde húskes achter it kafee rint in hiele smelle stege. Hjir past hiel krekt in deadskiste troch. Ik ha by nacht wolris it idee yn de ien fan de hollen fan de skippers flústere om oer de Puollen om dizze húskes hinne te farren en rjochstreeks by it tsjerkhôf oan wâl te gean. Mar dat woe net yn harren del. Der hearsket by de minsken in stevich bygeloof dat deade minsken allinnich oer de lykfear ferfierd wurde meije, om’t der oars ûngemakken fan komme sille. De feart wurdt yn 1960 ticht smiten. En dat is it momint yn de tiid dat it doarp yngreven feroaret.
Goed, ik wit net hoe’t mei dy is, mar ik haw toarst krigen. As it kafee iepen is, geane we der yn en nimme we der ien by de bar, of miskien is it waarm genôch foar it terras. Gean mar efkes rêstich sitten dan fertel ik dy in oar ferhaal.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
Terherne
-
Roest Joure
Roest Joure Joure
-
Hotel Stedswal - Kamer 5 - Hylpen
Hotel Stedswal - Kamer 5 - Hylpen Sloten
-
IJsboerderij de Bûterkamp
IJsboerderij de Bûterkamp Oudemirdum
-
B&B De Scharren
B&B De Scharren Scharsterbrug
-
Brandnetels langs de slootkant
Brandnetels langs de slootkant Workum
-
Beach Resorts Makkum - Dijkvilla 5 personen
Beach Resorts Makkum - Dijkvilla 5 personen Makkum
-
Hotel 't Schippershuis - Comfort kamer
Hotel 't Schippershuis - Comfort kamer Terherne
-
Klokkenstoel Oldeouwer
Klokkenstoel Oldeouwer Oldeouwer
-
Hotel Workum - Royal kamer
Hotel Workum - Royal kamer Workum
-
Verblijf bij Bynt - Studio appartementen 2e etage
Verblijf bij Bynt - Studio appartementen 2e etage Sneek
-
Old Burger Weeshuis
Old Burger Weeshuis Sneek
-
Tornado Yachting Makkum - Delphia 10- Llampuga
Tornado Yachting Makkum - Delphia 10- Llampuga Makkum