Stichting de Paupers - “Wat as (it oars rint asto tinkst)”
De Nijlânnermole, Workum
It nije teaterstik fan de Paupers dat spile wurdt fan 14 maaie o/m 1 juny bij en rûn de Nijlanner Mole bij Warkum.
Take a look
De âlders fan skriuwer Henk de Boer ha elkoar rûn de Twadde Wrâldoarloch by de mole
troffen. Heit is der berne en mem hie op de pleats der neist famylje wenjen. In lettere
wurdewikseling tusken beide âlders brochten de gedachten foar ’n teaterfoarstelling op gong.
“En do altyd mei dy Dútsers!” rôp heit…”Do altyd mei dy Kanadezen!” antwurde mem.
Werom dizze wurden? Wat is der doe bard?
Yn “Wat as” ferbine we wat der doe barde mei hoed-de-dei. Mei as wichtigste fraach: Wat
bard er, wat dochst en wat kinst dwaan as alles samar yn ienen oars rint dan ast tinkst? As dyn
“bestaanszekerheid” op it spul stiet, ast net mear mei dwaan kinst en net mear wolkom bist.
Underwerpen dy’t de Paupers op it liif skreaun binne om harren kreativiteit op los te litten.
De spyldata binne:
14, 16, 17, 18, 21, 23, 24, 25, 30, 31 maaie en 1 juny
- Wanneer:
- 14 mei t/m 1 juni
- Prijsinformatie:
- Vanaf € 18,50
- Afstand tot jouw locatie:
Here you will find De Nijlânnermole
De NijlânnermoleHylperdijk 3
8711 HJ Workum Plan your route
from your location