Skip to main content
MAP

Berne Iepenloftspul: Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum

Easterwierrum

BIS spilet dit jier ‘Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum’ dat is in bewurking fan de film ’Night at the Museum’.

BIS spilet dit jier ‘Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum’ dat is in bewurking fan de film ’Night at the Museum’. De besikers wurde yn dit ferhaal meinaam nei it Berneiepenloftmuseum yn Fuottenein. In museum fol karakters dy’t wat betsjutten hawwe foar de Fryske kultuer, mar........ der is wat mei dat Berneiepenloftmuseum. It is in museum dêr’t, sa gau’t de klokke middernacht slacht, de museumstikken ta libben komme. De museumstikken dy’t oerdeis keurich op harren fuotstik stean, mar yn ‘e nacht harren âlde rom en ear herinnerje. En se komme net allinne ta libben, se wolle der út om yn ‘e wrâld fan 2024 ek harren rol te spyljen, om de rike Fryske kultuer dêr’t se diel fan útmeitsje te ferdigenjen tsjin alles wat dy kultuer bedriigje wol!

Museumstikken dy’t nachts ta libben komme. Spannend! Mar doocht dat wol? Heare wy net allegearre te sliepen nachts? Lykas Lytse Pier, in hiel gewoan jonkje, dy’t al sa min sliept, want syn heit draait altiten fierstente lûde muzyk..... Lytse Pier dy’t der in bytsje útrint yn ‘e klasse.... O ja, elkenien ken in Lytse Pier... De besikers sille mei al dy nijsgjirrige Fryske kultuerfigueren yn ‘e kunde komme. Dat wurdt hiel learsum, mar ek hiel dwaas en bespotlik. En faaks sille de museumstikken in bytsje help krije moatte fan lytse Pier om yn te sjen, dat je wolris in kear in nachtsje de saak op stelten sette kinne - mar dat wy allegearre úteinlik it gelokkichst wêze sille, as wy oerdeis de sinne op ús skine litte - en de nacht brûke om goed by te sliepen fan al dy moaie, fleurige, fertrietlike, stomme en bysûndere dingen dy’t we yn it libben meimeitsje - as wy oerdeis de eagen goed iepen hawwe.

BIS winsket elkenien in moai stikje kultuer ta!

De jûn-foarstelling begint om 20:00 oere en de middei-foarstelling begint om 16:00 oere. De foarstelling duorret mei skoft in lytse 2 oeren. De foarstellings fine dit jier plak oan de Eker flakby MFC De Tysker, yn Easterwierrum.

PARKEAREN 

Itparkearen is oan de Tsjerkebuorren rjochting Mantgum! As jo fanôf Boazum as Raard komme moatte jo rjochting Mantgum ride en dan oan de rjochterkant is it parkearen. Folgje de ynstruksjes fan de parkearwachten. Jo moatte dan in lyts eintsje rinne. Binne jo net ta steat in eintsje te rinnen, om hokker reden dan ek, dan is it mooglik om tichtby yn en út te stappen. Dit is altyd yn oerliz mei de parkeerwacht.

Wanneer:
20 t/m 29 juni
Prijsinformatie:
Vanaf € 11,- (voor kinderen)
Afstand tot jouw locatie:

Here you will find Berne Iepenloftspul: Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum

MFC de Tysker
Skuorrehôfwei 2
9021CE Easterwierrum
Plan your route

from your location

Show results

Search & book

Traveling party