Dat horeka yn Terherne altyd al in grutte rol spile hat, bewiist it ferhaal dat ik dy no fertelle sil. We weagje wer in sprong, no nei 1882. Café Zevenwouden is der allang en is no fan heit Rypkema. It Is ek de tiid dat it Far dimpt wurdt en Rypkema stiet foar de kar wa fan beide soannen de kroech oernimme sil. Der is spul en se komme der ûnderling net út. It kafee moat feilt wurde en de beide broers biede flink tsjin elkoar op. De iene broer lûkt oan it koartste ein en keapet in pân oan de oare kant fan it doarp by de brêge. Hy brekt it ôf en lit in nije herberch bouwe. Grutter en op in drokker plak as dat fan syn broer mei it Café Zevenwouden. In de 21ste ieuw hjit it de Gouden Leeuw. De konkurrinsjestriid liedt derta dat de broer mei Café Zevenwouden fallyt gean sil en it wer ferkocht wurde moat. Dochs sil de kroech syn namme hâlde, yn elts gefal oant yn de 21ste ieuw.
Oké, we stappe wer werom nei de hjoeddeistige tiid.
En we gean wer fierder. Al fynt it ferhaal oer de horeka en de kroegen fan Terherne noch net syn ein. Want watst miskien net witst is dat der noch in kroech wie, op in noch hiele oare ‘hoeke fan Terherne’. En de namme fan dy kroech wie wol hiel opmerkelik, hielendal as je sjogge nei de hjoeddeistige tiid.
We rinne basisskoalle Bloei oan de linkerkant foarby en stekke oer nei de herfoarme tsjerke. Gean mar troch it stek. En gean fuortendaliks rjochts ôf en oer it gers nei myn grêf. Ja, do sjochtst it goed. De earste stien rjochts, dat is myn lêste rêstplak. (No ja rêstplak, ik ha it der mar wer drok mei…)
Wolst wat foar my dwaan? Lêz dan eefkes mei folle omtinken myn lêste wink dy’t dêr skreaun stiet. Nim it eefkes goed yn dy op. “Tot in den eeuwigheid…” [En no freegje ik dy: wat soe dyn lêste winsk wêze foar de wrâld dytst efterlitst? En soe it dan ek wier sa barre tinkst? Tsja…. Ik haw leard dat allinnich de tiid dat antwurd hat.
Ik bin bliid dat ik dêr hjoed noch wat yn betsjutte kin. Dan sjogge je flak foar it tsjerkje it hûs mei de giele brievenbus. Gean foar dit hûs rjochts ôf, by de hage fan de tsjerke del, it smelle strjitsje yn. Nei it gielbrune hok stopje we eefkes. Do sjochst hjir in pear lytse âlde húskes stean. En âld binne se, want hjir fynst it earste stiennen hûs fan Terherne. Ek wol in stins neamd.
Hjirfoar gean we werom nei it jier 1500. It giet om dizze wente, Wat letter in groepke fan lytsere húskes wurde sil, wurdt yn earste bouwd as 1 grut hûs. Yn dit hûs sitte Roazewinkels, dat binne stienen dy’t op de boulokaasje sels bakt wurde. As we dêrnei in spronkje meitsje nei it jier 1750, sjogge we dat der in grutte ferbouwing geande is. Fan it grutte hûs wurde 4 lytske húskes en in bûthús makke. Yn in inkelt húske binne dizze roazewinkels noch hieltyd oanwêzich, yn in skoarstien, it orizjinele en bewarre riikkanaal fan de stins. De inisjatyfnimmers fan de bou fan de stins binne de Oenema’s, in famylje fan boereadel dy’t in soad ûnreplik guod hawwe yn dit hiele gebied.. Yn de lege Wâlden, fan Terherne oant oan De Jouwer hawwe sy it foar’t sizzen.
We rinne werom nei de dyk en slane op’e nij rjochts ôf by de giele brievenbus en rinne nei de Pastorij, de snackbar op’e hoeke.
Bliuw hjir mar eefkes stean by dit pealtsje en sjoch marris goed om dy hinne. Sjochst dat boske, dêr rjocht foar dy? Oan de oare kant fan dat stikje lân? Ssst, meitsje mar gjin lûd. En sjoch goed. Ja! Dêr! Sjochst dy minsken? Se sykje wat. Om te oerlibjen. Sa’t ik al sei, is it net allinnich in tiid fan earmoede, mar ek fan de feepest. Somtiden moatte hiele bûthuzen romme wurde om fierdere besmetting foar te kommen. De kij wurde dan begroeven op plakken as hjir tsjinoer. Letter wurde der dan beamme op plante. Mar de minsken dy’t dêr no oan it graven binne? Dat binne minsken dy’t dreaun troch honger midden yn de nacht op syk binnen nei fleis dat se noch ite kinne. Feepest of net…..
Nei it skelpepaad geane we linksôf. We stekke de dyk wer oer en rinne de Buorren yn nei de yngong fan it fakânsjepark. It park sjochst sa rjochts fan dy, dêr by de swarte poarte. Dêr stopje we eefkes. Wat in grutte huzen steane hjirre, fynst ek net? Lúkse fakânsjewenten rjochte op it wetter. Je sjogge se fanôf de Terhernster Puollen as de Skyline fan Terherne. Ik ken dit plakje hiel oars. En dit is dan ek it plak dy’t my it measte oan it hert giet. Ik fertel dy wêrom:
Dêrfoar geane we werom nei it jier 1686. Ja, dêr binne we. Do stietst no op in ferlitten en ûnferhurde wei. Foar en achter dy binne greiden, allinnich Café Zevenwouden (It Kafee dat hjir om de hoeke stiet) stiet der al, lykas de húskes deromhinne, dy’tst hjierwei in bytsje sjen kinst. Tsja, dit Landal-park… Krekt op dit plak….. Yn myn tiid wie dat wol oars. Doe wie dit in stik greide, dat nei myn dea in hiele spesifieke namme krige: “It earmen fintsje” Dat safolle betsjut as it stikje lân foar de earmelju.
Dit wie foar my sa ferskrikkelik wichtich, dat ik sels op myn grêfstien setten litten haw dat dit stikje lân, “oant yn de ivichheidsdagen” beskikber wêze moat foar de minsken dy’t it min hawwe. Wat tinkst? Wie dat realistysk? Dat fertel ik dy daliks by myn rêstplak.
Want we meitsje earst noch eefkes in spronkje nei 1840 en besjoch no earst de brúne skuorre achter dy. Dy’t yn dizze tiid ‘ít blauwe hok’ hyt.. nei syn earste kleur. Rin der marris hinne. De ferlitten ûnferhurde dyk wêrst sakrekt del kaamst, komst by dizze skuorre del en is it weinhok fan de rintenierswenning dy’t hjirachter stiet. Dêr komnme we sadaliks. Yn de lettere tiden sniene de jongelju dy’t út it kafee kamen harren ‘ferkearing’ yn de houten achterdoar fan dizze skuorre. Somtiden nei in stikeme of hertstochtelike moeting achter it weinhok. De pleatselike skilder draagt hjir in waarm hert foar en hat dizze leafdesferklearrings altyd yn eare hâlden. Je moatte goed sjen yn dizze achterdoarren. Sjocht se? Of bist faaks sels noch ien fan dy jonges dy’t syn leafde hjir ferivicht hat?
We rinne no de bocht om.
Dit is de rintenierswenning. Op de doar stiet nûmer 13-15 en yn de gevel neist de foardoar sjochst in stien mei de namme ‘Boetje’. De soan fan de eigener fan dit hûs wennert op in pleats fierderop. En eltse kear as hy nei tsjerke riid, set er syn hynders en wein hjir yn de skuorre.
Sa’t ik al sei, leit de oarsprong fan it doarp hjir op dit plak. Dit wie it oarspronkelike sintrum fan Terherne. Sjoch marris rêstich om dy hinne en rin mar wat om.
We gean earst nei 1686, de tiid fan it ûntstean fan “It Earmenfintsje”
Achter ‘t earmenfintsje, wêr’t we niis stiene, wie noch in feart; de lykfeart. Dizze feart komt op ‘t Far út, it farwetter dat hjir neist kafee Zevenwouden leit. As immen komt te ferstjerren, wurdt de kiste mei in pream ferfierd dizze feart del en leit men dêr fierderop oan. Tusken de âlde húskes achter it kafee rint in hiele smelle stege. Hjir past hiel krekt in deadskiste troch. Ik ha by nacht wolris it idee yn de ien fan de hollen fan de skippers flústere om oer de Puollen om dizze húskes hinne te farren en rjochstreeks by it tsjerkhôf oan wâl te gean. Mar dat woe net yn harren del. Der hearsket by de minsken in stevich bygeloof dat deade minsken allinnich oer de lykfear ferfierd wurde meije, om’t der oars ûngemakken fan komme sille. De feart wurdt yn 1960 ticht smiten. En dat is it momint yn de tiid dat it doarp yngreven feroaret.
Goed, ik wit net hoe’t mei dy is, mar ik haw toarst krigen. As it kafee iepen is, geane we der yn en nimme we der ien by de bar, of miskien is it waarm genôch foar it terras. Gean mar efkes rêstich sitten dan fertel ik dy in oar ferhaal.