Foar dy leit de âlde helling fan Terherne. En it prachtige hûs hjir rjochts foar de bocht, wurdt yn dit jier bouwd troch de hellingbaas. Hy hat it nammentlik hiel drok. En dochs foarsjoch ik problemen yn de kommende jierren. En ik foarsiz dy dan ek dat hy binne 15 jier fallyt gean sil. Ik flústerje him dan ek yn dat er oarstappe moat op wurkje mei izer, mar hy is eigenwiis: ‘Hout sinkt net!”ropt er. En ja…. Do begrypst it al hoe’t it ôfrint mei him…..
Werom nei hjoed de dei. We sjogge noch eefkes nei de húzen oan de oare kant fan it wetter. Hielendal op’e hoeke stiet in hûs dat útsjocht op de hjoeddeistige wite slûs fan Terherne. Witst noch dat ik it hie oer nòch in kroech op de oare úthoek fan Terherne? Dy stie dêr op dat plak. Op in úthoeke fan Terherne. It sil sa rûn 1853 west hawwe dat dizze kroech in nije namme krije moast, omt de namme doe, de “Brette Poask” referearre oan de skelnamme foar de Terhernsters. De kroechbaas ferneamde de kroech nei in oare úthoeke fan de wrâld, wêr’t yn dy tiid in oarloch fierd waard: De Krim.
De Krim dus, ferneamd nei in oarloch. Yn earsten in kroech en letter in Buorkerij. Dizze buorkerij baarnde ôf yn de jierren sechtich fan de foarige ieuw. Hjir krige it toerisme ek in oare foarm. Yn de heal ôfbaarnde en opromme skuorre ûntstie in camping en der waard kampeart.
It wite hûs oan de oare kant fan de feart is in slûswachterwenning. Der wie hjir noch in kearslûs, foar stoarmeftich waar, wêr’t dizze wenning by hearde. Der is in soad bart op dit plak. Want eart dit punt fan Terherne it ekonomyske swiertepunt waard, hie Terherne al yndustry. Op it plak fan de kroech De Krim en letter de ôfbaarde kampearbuorkerij stiene dêrfoar mânske kalkovens. Myn ûnthâld jouwt oan dat dit tusken 1600 en 1840 west hat. Dit skiereilân wie dêrfoar in strategysk plak, want der koene makkelik turf en skelpen oanfierd wurde. Der stiene hjir 2 of 3 kalkovens. Mei skelpekalk waarden húzen metsele en sa hat it wite hûs oan de oare kant ek in leshûs west om de brande kalk te blussen (Dat wurdt ek wol lesse neamd). Dit ferklearret ek de lange foarm fan it hûs. It hûs hat dus mear funksjes hân. It wie in flinke yndustry foar in plakje as Terherne en troch alle tiden hinne kinne je sizze dat oan de úteinen fan Terherne de wichtige bedriuwen stiene. De farwegen wiene liedend.
Okee, we draaie ús no om. En we rinne itselde paad werom nei it boatestasjon, it begjin en einpunt fan de kuiertocht.
En dêr slute we dan ek mei ôf. Want hjir krekt foar it Skippershûs is noch in lyts stikje fan de splitsing fan ‘t âlde Far te sjen. In âld stikje farwei, wêroer’t tûzenen skippers fearn hawwe. Yn tiden mei wolfeart en yn tiden fan freeslike earmoede.
En hjir, oan de ein fan de rûte, fertel ik dy it bêst bewarre geheim fan dit doarp: Der is nammentlik gjin ferhaal, oantinken, lêste winsk of geheim dat ècht ferlern giet. Alles leit opslein, as yn in ieuwich ûnthâld, yn it wetter fan Terherne. En dit oarspronkelike stikje fan It Far is wêr’t ik se wei ha en dat is ek wêrst alyd wer nei werom keare kinst.
Wolst mear witte oer de fergetten ferhalen en de skiednis fan Terherne? En sikesto de poarte nei it ferline? Be3gjindan by dit stikje wetter en siz dúdlik myn namme: Broer Sipkes. Dan help ik dy op wei.
Of belje de pleatselike skilder (sûnt 1880) en doarpshystoarikus Theunis van der Meer.
Wolkom bêste kuierder. Wolkom yn Terherne. Wat aardich datst bist! Earlik sein hie’k dy al ferwachte. Want it ferhaal gong al troch de buorren hè? Dat de poarten nei it ferline fan Terherne iepen binne. Dat lang net fertelde ferhalen no foar’t ljocht komme. (harren iepenbierje) Want dat kloppet. En ik haw der foar soarge. Ik haw dêr sa myn reden foar. De wichtichste? Om’t ik fyn dat âlde ferhalen nea ferlern gean meie.
O, nim my net kwea ôf. Ik ferjit hielendal om my eefkes oan jim bekent te meitsjen. Ik bin dyn ferteller hjoed. Ik hie -en haw noch hieltyd- in waarme bân mei dit doarp. Sa’n 400 jier lyn wenne ik hjirre. It wie in oare tiid en in hiele oare wrâld. Ik haw me altyd bekroade om de Terhernsters. Ik woe op se passe, ‘Oant yn de Ivichheid’, kin je wol sizze.
Wa’t ik krekt bin en wat dit allegear betsjut, sil tidens dizze kuiertocht dúdlik wurde. Ik warskôgje dy wol alfêst in bytsje. Want de kâns is grut dat dyn byld fan dit gewoane fryske doarpke, nei hjoed ienris en foargoed, noait mear itselde is.
Want ja, it leaflike Terherne is in plak fan kontrasten. Mei de tiid as grutste yllúzje. Neat is wat it liket. Bist safier? Dan geane we.
Rin mar nei de wâl. We steane hjir op it parkearplak by it opstapplak en foar ús leit de Alde Sânsleat. Sjoch marris om dy hinne.
De âlde Sânsleat dy’t hjir foar dy leit is in drok farwetter nei Akkrum en it Hearrenfean. It gebouke fan de Kameleon hjir efter dy, is in brêgehûs en it terrein in plak wêr’t skippen lade en losse. It is in drokte fan belang. Preammen, tsjalken, skouwen, hannel yn fan alles en noch wat. Mar ek de lêste nijtsjes út de omjouwing hearst hjirre, fan de brêgewachter en oaren. Faaks hast sels noch in boadskip…. Jou it mar troch oan him. De skippers binne dyn boadskippers en fertellers.
Sjochris nei links en rin ris in stikje by’t haad del. Oantst foar de yngong fan it lytse haventsje stietst dat oan de oare kant leit. Dat is de earste doarpsjachthaven fan Terherne. Doe in feartsje dat tagong joech foar preammen nei de lytse ‘komelkers’, lytse boeren dy’t mar in pear kij molken. De earste haven siz ik mei klam, want tsja…. Dêr is mei de lineaire tiid wol it ien en oar feroare. Terherne telt yn 2024 sa’n 11 havens en dy wurde hast allegearre brûkt foar de plezierfeart.
Dêr geane we it is 1976.
Rûn dizze tiid is men dwaande om de Nije Sânsleat te graven en sil it farferkear hjir yngripend feroarje. Sjochst dat twadde húske rjochts fan de havenyngong? Dy mei dy âlde fryske gieltsje? Yn dat húske wennet skûtsjeskipper Tjitte Jans Brouwer. In begrip yn de skûtsjewrâld en op dit stuit 85 jier âld. Op it parkearterrein hjir achter dy stiet in grutte direksjekeet dy’t brûkt wurdt troch de oannimmer fan de Nije Sânsleat. It wurk oan dizze brêge is krekt klear en de keet stiet leech. It is tongersdei 12 febrewaris, in oere as 5 moarns betiid as ik, en alle Terhernsters opskrilje fan in gi-gan-tyske knal. De keet eksplodearret en stikken dak fleane oer de Sânsleat, oer de huzen hinne en komme dêr yn de tunen del. By in grut tal huzen yn it heale doarp barste de finsters derút en ek by de horekabedriuwen oan wearskanten fan de brêge sit der gjin glês mear yn de kesinen.
It húske fan skipper Brouwer hat de grutste klap opfongen en der leit gjin dakpanne mear op it dak. De kesinen binne fyn en der leit gjin board mear heel yn de kast. In kranteman befreget de skipper en eefkes letter stiet yn de krante dat hy ‘wol sa’n 20 sentimeter optild wie’. Want Tjitte fertelde, yn it frysk mei in twinkeling yn’e eagen: Och man, ik wipte sa’n ein omheech yn de bedstee, der hie wol in jongfrommes tusken past”.
No’t de rêst werom is en it pún opromme, geane we no echt op paad. Se rêde it wol sûnder ús. Se bouwe it wol wer op.
Kom, we binne werom yn it no en rinne hjir linksôf de brêge oer it âlde doarp yn. Ik siz wol: “It âlde doarp, mar eins is dat ek in yllúsje. Do kinst dit plak faaks as it sintrum fan it doarp, mar de echte oarsprong fan Terherne leit hjir net, mar op de oare kant fan it doarp. Dêr komme we daliks. No rinne we earst nei de supermerk, wat fierderop oan de linkerhân, wachtsje dêr mar eefkes op my.