Ja, dêr bin ik wer. As it goed is stietst no op de T-splitsing yn it doarp, mei de rêch nei de supermerk. Sjoch marris rêstich om dy hinne. Do stietst no foar op in foar doarpsbegrippen ‘drok’ krúspunt. De dyk rjochting de slûs en de pier leit rjocht foar dy. De dyk nei links giet fierder de buorren yn en no wurdt it nijsgierrich. Ik sil dy útdaagje.
We gean nei it jier 1870. In tiid fan komelkers en skippers. En in tiid fan earmoede. Dit plak, yn it sintrum fan it doarp, wurdt net bepaald troch in knooppunt fan diken, lykas dat yn de 21ste ieuw it gefal is, mar troch farwetters. Ja, do hearst it goed. De dyk links fan dy, fierderop it doarp yn en de dyk foar dy rjochting iisbaan is it farwetter ’t Far.
De supermerk is ek yn dizze tiid al in doarpswinkel en eigendom fan de beurtskipper. Oan de oare kant sjochst in boerepleats. Letter sil dit de Kameleonbuorkerij wurde. No is it noch ien fan de grutste buorkerijen dy’t hjir oan it wetter leit. En dan rjochts, oan de oare kant fan it wetter, dêr sjochst in rige skippershúzen.
Tsja! It wûnder fan de tiid. De wegen fan de 21ste ieuw binne in yllúsje, as’t it de skippers fan 1870 fregest. En de farwetters krektlike goed, ast in moderne toerist deselde fraach stelle soest. Dúzelt it dy al wat? Stek mar oer, we rinne oer it wetter rjochting iisbaan. Sjoch goed út, it kin hjir drok wêze. Foar de fitness-tastellen sjochst in grintpaad nei links. Dit geane we del.
It gebied om de iisbaan hinne is allinnich mar greide en sleatsjes oant 1990. Op dat stuit it grutste en bêste stik greide fan Terherne. Der rinne sa’n 60 kij te weidzjen. Letter sil dit lân plak romje foar wetter en wurde der 250 wenten bouwd, benammen foar rekreaasje. Ik sil dy earlik sizze, dat is foar my as âld boer en hoeder fan Terherne mar dreech te befetsjen.
Ek wurdt de âlde iisbaan hjirhinne ferpleats. De Terhernster skippers binne de bêste reedriders, dus dat begryp ik noch wol.
Nei de iisbaan geane we links ôf en rinne we sa’n 30 meter fierder, oanst linksôf fan dy in grintpaad sjochst. ’t Efterom, stiet op it buordtsje. Gean dit grintpaad op. Rin mar troch safier as’t sjen kinst en dan krekt de bocht troch. Do sjochst dêr straks oan de linkerhân in grutte hege pastorij, mei in tún mei knotwylgen. Wachtsje dêr mar eefkes.
We binne noch hieltyd yn 1870. Ûnlijich waar, wyn en kjeld. We steane hjir foar de kosterswenning, dy’t tsjin de achterkant fan de Fermanje bouwd is. De minsken binne earm. It is in tiid fan hurd wurkjen foar in bytsje jild. Dit jild foar de komelkers en de skippers. Ek hjir is allinnich mar greide, mei sleatsje der omhinne. Mear en mear skippers strûpe der ûnder (geane fallyt) en de oaren moatte hieltyd fierder en langer fuort om hannel driuwe te kinnen, troch de oanhâldende konkurrinsje. Se komme sels yn Seelân en Antwerpen telânne. Ek de komelkers hawwe it dreech. Troch de komst fan de molkfabriken, komme der hieltyd mear komelkers en dêrtroch binne de opbringsten leech en de lânpachten heech. En tel dêr noch de feepest by op. It is sels sa slim, dat in inkeling himsels ferdrinkt, nei’t er betrape wurdt by it oanlingen fan syn molke mei wetter!
Mar yn dit tsjerkje en yn dizze wenning baarnt it ljocht. It is de tsjerke wêr’t Dûmny Dornseiffen preket. Dornseiffen is in man sûnder bern, mar yn syn hert is er in echte famyljeman. In goeddwaander. (goeddogger) Hy betsjut in soad foar de skippersfamyljes en harren bern en hat hert foar harren. (mient it goed mei harren.) Sa soarget hy foar in system wêrtroch de bern nei skoalle kinne as harren âlders fuort binne en se yn eigen doarp by famylje terjochte kinne. In part fan it skoaljild wurdt oan de famylje betelle, sadat se de bern, nettsjinsteande de earmoed, yn hûs nimme kinne en yn de waarmte fan harren húshâlding opfange kinne.
Ast goed sjochst, sjocht ûnder de tsjerke in kelder. Hjir mochten de skippers harren ierpels by’t winter opslaan, sadat dy ek froastfrij bewarre wurde koene.
Kom, we geane fierder dit dykje del. Oant it ein fan dit skelpepaad stopje we eefkes. Dêr fertel ik dy in oar ferhaal en silst merke yn wat foar rauwe tiid we hjir belibje dat in soad yndruk makket.
Bliuw hjir mar eefkes stean by dit pealtsje en sjoch marris goed om dy hinne. Sjochst dat boske, dêr rjocht foar dy? Oan de oare kant fan dat stikje lân? Ssst, meitsje mar gjin lûd. En sjoch goed. Ja! Dêr! Sjochst dy minsken? Se sykje wat. Om te oerlibjen. Sa’t ik al sei, is it net allinnich in tiid fan earmoede, mar ek fan de feepest. Somtiden moatte hiele bûthuzen romme wurde om fierdere besmetting foar te kommen. De kij wurde dan begroeven op plakken as hjir tsjinoer. Letter wurde der dan beamme op plante. Mar de minsken dy’t dêr no oan it graven binne? Dat binne minsken dy’t dreaun troch honger midden yn de nacht op syk binnen nei fleis dat se noch ite kinne. Feepest of net…..
Nei it skelpepaad geane we linksôf. We stekke de dyk wer oer en rinne de Buorren yn nei de yngong fan it fakânsjepark. It park sjochst sa rjochts fan dy, dêr by de swarte poarte. Dêr stopje we eefkes. Wat in grutte huzen steane hjirre, fynst ek net? Lúkse fakânsjewenten rjochte op it wetter. Je sjogge se fanôf de Terhernster Puollen as de Skyline fan Terherne. Ik ken dit plakje hiel oars. En dit is dan ek it plak dy’t my it measte oan it hert giet. Ik fertel dy wêrom:
Dêrfoar geane we werom nei it jier 1686. Ja, dêr binne we. Do stietst no op in ferlitten en ûnferhurde wei. Foar en achter dy binne greiden, allinnich Café Zevenwouden (It Kafee dat hjir om de hoeke stiet) stiet der al, lykas de húskes deromhinne, dy’tst hjierwei in bytsje sjen kinst. Tsja, dit Landal-park… Krekt op dit plak….. Yn myn tiid wie dat wol oars. Doe wie dit in stik greide, dat nei myn dea in hiele spesifieke namme krige: “It earmen fintsje” Dat safolle betsjut as it stikje lân foar de earmelju.
Dit wie foar my sa ferskrikkelik wichtich, dat ik sels op myn grêfstien setten litten haw dat dit stikje lân, “oant yn de ivichheidsdagen” beskikber wêze moat foar de minsken dy’t it min hawwe. Wat tinkst? Wie dat realistysk? Dat fertel ik dy daliks by myn rêstplak.
Want we meitsje earst noch eefkes in spronkje nei 1840 en besjoch no earst de brúne skuorre achter dy. Dy’t yn dizze tiid ‘ít blauwe hok’ hyt.. nei syn earste kleur. Rin der marris hinne. De ferlitten ûnferhurde dyk wêrst sakrekt del kaamst, komst by dizze skuorre del en is it weinhok fan de rintenierswenning dy’t hjirachter stiet. Dêr komnme we sadaliks. Yn de lettere tiden sniene de jongelju dy’t út it kafee kamen harren ‘ferkearing’ yn de houten achterdoar fan dizze skuorre. Somtiden nei in stikeme of hertstochtelike moeting achter it weinhok. De pleatselike skilder draagt hjir in waarm hert foar en hat dizze leafdesferklearrings altyd yn eare hâlden. Je moatte goed sjen yn dizze achterdoarren. Sjocht se? Of bist faaks sels noch ien fan dy jonges dy’t syn leafde hjir ferivicht hat?
We rinne no de bocht om.
Dit is de rintenierswenning. Op de doar stiet nûmer 13-15 en yn de gevel neist de foardoar sjochst in stien mei de namme ‘Boetje’. De soan fan de eigener fan dit hûs wennert op in pleats fierderop. En eltse kear as hy nei tsjerke riid, set er syn hynders en wein hjir yn de skuorre.
Sa’t ik al sei, leit de oarsprong fan it doarp hjir op dit plak. Dit wie it oarspronkelike sintrum fan Terherne. Sjoch marris rêstich om dy hinne en rin mar wat om.
We gean earst nei 1686, de tiid fan it ûntstean fan “It Earmenfintsje”
Achter ‘t earmenfintsje, wêr’t we niis stiene, wie noch in feart; de lykfeart. Dizze feart komt op ‘t Far út, it farwetter dat hjir neist kafee Zevenwouden leit. As immen komt te ferstjerren, wurdt de kiste mei in pream ferfierd dizze feart del en leit men dêr fierderop oan. Tusken de âlde húskes achter it kafee rint in hiele smelle stege. Hjir past hiel krekt in deadskiste troch. Ik ha by nacht wolris it idee yn de ien fan de hollen fan de skippers flústere om oer de Puollen om dizze húskes hinne te farren en rjochstreeks by it tsjerkhôf oan wâl te gean. Mar dat woe net yn harren del. Der hearsket by de minsken in stevich bygeloof dat deade minsken allinnich oer de lykfear ferfierd wurde meije, om’t der oars ûngemakken fan komme sille. De feart wurdt yn 1960 ticht smiten. En dat is it momint yn de tiid dat it doarp yngreven feroaret.
Goed, ik wit net hoe’t mei dy is, mar ik haw toarst krigen. As it kafee iepen is, geane we der yn en nimme we der ien by de bar, of miskien is it waarm genôch foar it terras. Gean mar efkes rêstich sitten dan fertel ik dy in oar ferhaal.