Oudemirdum

Op seis meter hichte

sjoch ik út oer de Iselmar

tinkend oan ferfleine tiden

mei in brûzjende see

 

In ôfsletten tiid giet oer yn

rêstich blinkend wetter

yn it jûntiidsljocht

 

Inkeld it beammerûzjen

en fûgels yn ’e loft

bringe libben

yn dizze simmerjûn

 

Grietje Hoekstra

 

Op zes meter hoogte, kijk ik over het IJsselmeer, denkend aan vervlogen tijden, van een bruisende zee. Een afgesloten tijd gaat over in rustig blinkend water met zonneschijn van de avond. Enkel het ruizen van de bomen en vogels in de lucht brengen leven in deze zomeravond.

Meer gedichten lezen?

53°01'36.4"n 5°46'31.8"e

52°59'16.1"n 5°31'20.0"e