Skip to main content
MAP

Westhem

Sjoch hjir in skilderij sûnder keunstner.

 

In troch wetter en wyn ferroerd stillibben

mei in tsjerkje as troch in pinsiel boud.

Mar it is in muontsewurk fan kleasterstiennen.

 

De Sylroede die akwarellearret troch de greiden.

flústerjend folget in boatsje de lutsen streek.

De list is fan wiuwende reidkragen yn de wyn.

 

Dit skilderij sûnder keunstner.

Ik hingje it op yn myn ûnthâld.

 

Sa nim ik it mei nei hûs.

 

Grietje Hoekstra

 

See here a painting without a painter. A still life moved by water and wind. With a church built as if painted by a brush. The work of monks with monastic stones. The Sylroede in the meadow as a watercolour, whispering, a boat pursues the fixed line. Framed by reed belts swaying in the wind. This painting without a painter. I’ll hang it in my memories. That’s how I’ll take it home.

Would you like to read more poems?

Search & book

Traveling party