Skip to main content
MAP

Lân, loft en leafde – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

This event has already taken place

Workum

Tsien jier ferlyn ferstoar Tsjêbbe Hettinga, ien fan de grutste en meast foaroansteande nei-oarlochske Fryske dichters.

Publisist Bert Looper lit syn ljocht skine oer it tema lânskip yn Hettinga syn poëzy. Tryater-aktrise Eline de Vries draacht it gedicht ‘Oan ’e brek, in dei’ foar. Dichter Syds Wiersma komt op ’e tekst oer de ûntwikkeling fan Hettinga syn foardracht.

Filmmakker Piter Hettinga lit in rige filmbylden oer syn heit sjen. Yn in rûntepetear komt kunde oan it wurd mei ferhalen en anekdoaten. Der is muzyk fan de jazzband Breed Freed, dêr’t Hettinga saksofoan yn spile, en fan perkusjonist en performer Basile Maneka. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan skriuwer en publisist Sietske Poepjes. Yn it skoft skoot it publyk mei-inoar om tafel foar sop mei in brochje.

Entree € 15,00 ( iten sit dêr by yn)

Plak, datum en tiid: De Klameare, 26 novimber, fan 16.00 oant 21.00 oere. Kaartsjes bestelle kin fia: www.klameare-workum.nl

Wanneer:
t/m 26 november
Prijsinformatie:
Vanaf € 15,-
Afstand tot jouw locatie:

Here you will find Lân, loft en leafde – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

Kultuerhús Klameare
Merk 1
8711 CL Workum
Plan your route

from your location

Show results

Search & book

Traveling party