Skip to main content
MAP

Alles went - Teatergroep FJOER

Koudum

Komme se der tegearre trochhinne, of sille se úteinlik elk har eigen wei gean? In ferhaal oer hâlden fan, lang tegearre wêze, âlder wurde, fêstrustke gewoanten en gean sa mar troch.

Teatergroep FJOER hat al ferskate premjêrestikken spile rûnom yn Fryslân mar ek bûten de provinsje. Dit stik ‘Alles went’ is lykwols in boppeslach en hat yn Nederlân al lang syn spoaren fertsjinne. Yn it ferline is it spile troch Gerard Cox en Joke Bruys en dy ha der in protte sukses mei hân. It stik is basearre op it boek ‘Alles went behalve een vent’  fan Yvonne Kroonenberg (1989.) It ‘feministyske’ humoristyske boek soarge der foar dat de titel fan it boek in ‘fêste’ útdrukking waard.

Wêrom dit stik? It is it ferhaal fan in maatskiplik slagge man en syn frou op leeftyd, mar it houlik hat syn bêste tiid hân.  Sûn, fit, finansjeel ûnôfhinklik, in goeie bân mei harren bern, pake/beppesizzer en in moai hûs. Wat wolle jo noch mear? ‘Neat’, seit hy wylst er fansels wol krityk hat en leafst alle dagen: oer polityk, fuotbal, de auto fan de buorlju foar syn doar. ‘In protte’ seit sy. Sy wol graach wat nijs, wer ’t je enerzjy fan krije en wêrtroch se har noch jonger fielt. Se sil studeare! Keunstskiednis. Hy snapt der neat fan en wol it ek net snappe. Sil de stúdzjereis nei Rome it fort dat harren houlik is, dan dochs ynstoarte litte?

Wanneer:
25 februari
Afstand tot jouw locatie:

Here you will find Alles went - Teatergroep FJOER

De Klink
Ds. L. Tinholtstraat 1
8723 CW Koudum
Plan your route

from your location

Show results

Search & book

Traveling party