Nannewiid
Yn de romte fan de lêste sinne en de nacht,
ûntsteane wêr’t de himel en de ierde elkoar reitsje,
skakearringen fan goud yn al har pracht.
Yn de romte fan it lêste ljocht en it tsjuster,
stimt de natuer ôf op de frekwinsje fan de stilte
wêryn’t dei- en nachtbisten wikselje fan wacht.
Yn de romten tusken myn gedachten yn
wurde de romten fan stilte hieltiden grutter.
Ik stim ôf op de natuer fan it Nannewiid.
En ik nim myn romte.
Grietje Hoekstra
Wo späte Sonne trifft auf frühe Nacht, wenn Himmel und Erd’ sich scheu begegnen, zeigt die Welt ihr Gold in mannigfacher Pracht. Die Weite zwischen Licht und Dunkel lässt innehalten, macht uns still. Wer hat den Wechsel der Natur wohl so bedacht? Noch erklinget meiner Gedanken Lied. Doch die stille Weite bricht sich Bahn. Dort, wo ich bin: in der Natur vom Nannewiid. Die stille Weite. Sie ist mein.
Möchten Sie mehr Gedichte lesen?
-
52°57'45.9"n 5°36'56.4"e
-
53°05’23.9”N 5°39’49.0”E